LTO net te sprekken oer stikstofplan fan kabinet; lilkens en ûnrêst by boeren

06 sep 2021 - 12:25

It kabinet hat grutte plannen om boeren út te keapjen of te ûnteigenjen om sa de útstjit fan stikstof werom te bringen. Dat skriuwt NRC Handelsblad.

Boeren en lânbou-organisaasjes steane op 'e efterste poaten:

It binne twa plannen: de oerheid keapet produksjerjochten fan feehâlders op en hellet se sa út de merk. De oare opsje hâldt yn dat de grûn opkocht wurdt en it doel is om dy om te foarmjen foar duorsume lânbou. Wat by dizze opsje net útsletten wurdt, is dat boeren twongen wurde har grûn te ferkeapjen oan de oerheid.

Kij yn it gers - Foto: Omrop Fryslân

Lilkens en ûnrêst

Trienke Elshof fan LTO Noord fynt it spitich dat dit plan der leit. "Der stiet ek dat LTO meitocht hat, mar dat is net wier." Se hienen it fuort al drok mei reaksjes fan de achterban. "Mails, appkes, telefoantsjes, boeren binne lilk, it jout ûnrêst en se ha der argewaasje fan."

Foarsitter Trienke Elshof-Witteveen fan LTO Noord - Foto: Omrop Fryslân

Se jout oan dat der al in plan leit, Duurzaam Evenwicht, dat ek oan de formaasje foarlein is. "Yn dat plan jouwe we oan hoe't stikstof werombrocht wurde kin, mar dan mei frijwillige opkeap yn kombinaasje mei ynnovaasje. Dat plan is yn oerienstimming mei ferskate organisaasjes betocht. Ik tink net dat de twongen ferkeap effisjinter is. Dit plan ropt wjerstân op."

Neffens Elshof liket it in proefballon. "Wy stypje dit plan yn alle gefallen net, en sille ús achterban advisearje om net mei te wurkjen. Us eigen plan biedt wol perspektyf."

Trienke Elshof fan LTO Noord en ferslachjouwer Gerrit de Boer

Boerinne en âld-Steatelid Nynke Koopmans fan Tytsjerk, dy't har koartlyn oansleat by Belang van Nederland, is poerrazend. Sy sjocht neat yn de plannen.

It hiele stikstofbelied is in grutte leagen om de grûn fan de boeren ôf te pakken.

Nynke Koopmans

"It is kleare waansin", seit sy. "Om de ambysjes wier te meitsjen op it mêd fan wenningbou en ynfrastruktuer wolle se oergean op ûnteigening. Wat hat dat mei klimaat en miljeu út te stean? Hielendal neat. It hiele stikstofbelied is in grutte leagen om de grûn fan de boeren ôf te pakken."

Ofhinklikens

Koopmans fynt it fan grut belang om de grûn foar de lânbou te behâlden. "De grûn is fan de boeren, mar it iten fan it folk. Nederlân produsearret net genôch iten om alle húshâldens genôch iten te jaan. Hoe ôfhinklik wolle je wurde fan ymport? Dat moatte je net wolle."

Boerinne en âld-Steatelid Nynke Koopmans fan Tytsjerk - Foto: Omrop Fryslân

Boeren foarmje net it probleem, mar binne just de oplossing, tinkt Koopmans. "Der binne in soad dakken dêr't sinnepanielen op kinne, bygelyks."

Sy wol it der ek net by sitte litte. "Dit is de grins fier foarby, mar sy sette gewoan troch. Wy sille oant de lêste snok fjochtsje foar de lânbou."

Nynke Koopmans oer de plannen

Trefwurden: 
boeren LTO stikstof útkeapje
(Advertinsje)
(Advertinsje)