Steatefraksjes lilk oer fergunning foar gaswinning yn de Waadsee

Seis partijen yn Provinsjale Steaten binne lilk oer de fergunning dy't de NAM krijt foar de gaswinning ûnder de Waadsee. Regionale en lokale oerheden ha har faak útsprutsen tsjin de plannen. "Maar de minister geeft desondanks een vergunning af. Ongelooflijk!"
Gaswinning fan de NAM op de Waadsee © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Demisjonêr minister Stef Blok (VVD) joech ein augustus grien ljocht foar it boarjen by Ternaard. De provinsjale fraksjes Partij voor de Arbeid, FNP, GrienLinks, SP, D66 en Partij voor de Dieren meitsje har der lilk om. Se fine it bryk dat der gas wûn wurde mei tusken Ternaard en It Amelân.
"Terwijl duidelijk is dat we moeten stoppen met fossiele brandstoffen vanwege de klimaatverandering. Er gaat gas worden gewonnen onder de Waddenzee, terwijl die de kraamkamer is van veel broed- en trekvogels."
Dy fûgels kinne yn de problemen komme troch de gefolgen fan gaswinning. "Door de bodemdaling die ontstaat door de gaswinning en de zeespiegelstijging komen steeds minder zandplaten droog te staan, waardoor deze vogels geen voedsel meer kunnen vinden."

Stânpunt nochris oerbringe

De Fryske polityk hat him al ferskate kearen útsprutsen tsjin gaswinning yn de provinsje. De seis partijen wolle graach dat Deputearre Steaten dat stânpunt nochris trochjouwe. Se moatte de Twadde Keamer en de minister freegje om de fergunning net ta te kennen en earst de resultaten fan ûndersiken yn de Keamer te bepraten.
Fierder wolle de seis partijen witte hoefolle jild de gaswinning opsmite soe, omrekkene nei de gasprizen fan hjoed de dei.
Yn de Twadde Keamer stelle de PvdA en GrienLinks al fragen oan it ministearje oer de plannen foar gaswinning.

Petysje 11.000 kear tekene

Ein augustus skrok de Waadferiening al fan it nijs dat demisjonêr minister Blok grien ljocht joech foar de gaswinning. De boarringen kinne wat de minister oanbelanget yn 2023 begjinne. "Een soort mengeling van ongeloof en woede", sei Frank Petersen fan de Waadferiening doe.
In petysje fan de Waadferiening tsjin de plannen is yntusken goed 11.000 kear tekene.