Friezen op de Paralympyske Spelen: sân medaljes en in soad emoasjes

De fiif Friezen dy't meidien ha oan de Paralympyske Spelen ha mei-elkoar sân medaljes pakt. De Spelen yn Tokio binne dit wykein ôfsletten. In oersjoch fan de Fryske prestaasjes.
Tristan Bangma en Patrick Bos mei de gouden medalje op de baan © Orange Pictures
Hurdfytser Tristan Bangma kaam yn aksje op de baan en op de dyk. Op de baan belibbe er syn hichtepunt. Mei piloat Patrick Bos pakte de fytser út Donkerbroek goud op de 4 kilometer efterfolging.
Bangma en Bos wienen oppermachtich. Yn de kwalifikaasje rieden se in wrâldrekôr en de finale waard earder ôfsketten, omdat Bangma en Bos harren Britske tsjinstanners ynhellen.
Foar de 23-jierrige Bangma wie it syn twadde paralympyske goud yn syn karriêre. Yn Rio de Janeiro pakte er yn 2016 de titel op de tiidrit fan 1 kilometer op de baan.
Tristan Bangma en Patrick Bos mei de gouden medalje op de baan © Orange Pictures
It toernoai op de dyk begûn foar Bangma mei materiaalpech: de ketting gong stikken. Bangma en Bos stapten ôf en krigen in nije fyts, mar dat koste in soad tiid. In grutte tebeksetter, want it duo is yn topfoarm.
"Ik denk dat wij met onze huidige vorm zeker mee hadden gedaan voor het podium", sei Bangma nei de tiid. "Ik durf niet te zeggen wat het had kunnen worden, maar we maakten zeker kans.

Ek noch sulver

Yn de rit op de dyk pakte Bangma syn twadde medalje fan de Spelen. It waard sulver, efter in oar Nederlânsk duo: Vincent ter Schure en Timo Fransen. Dy gongen derfan troch op in berch, dy't eltse ronde werom kaam. Bangma en Bos hienen mei Ter Schure en Fransen mei kind, sei de Fries, mar as ploechgenoaten dogge je dat net.
Letter, doe't Ter Schure en Fransen in feilige foarsprong hienen, fytsten Bangma en Bos by de konkurrinsje wei en stelden se sulver feilich.

Pikefel

Mei ien kear goud en ien kear sulver binne de Spelen geweldich slagge foar Bangma. "We kwamen hier met één hoofddoel en dat was de achtervolging. Dat was echt een fantastische dag. Onder de vier minuten, wereldrecord, nog steeds kippenvel als ik daar aan terugdenk."
Swimster Liesette Bruinsma wûn twa sulveren medaljes yn Tokio. De Wommelse kaam op fiif ôfstannen yn aksje en gong op alle ôfstannen foar in medalje, krekt as yn Rio de Janeiro. Se wist wol dat it in drege put wurde soe: "Ik bin net de iennige dy't har ferbetteret. De rest fan de wrâld sit ek net stil."
Liesette Bruinsma nei de 400 meter frije slach © Orange Pictures
Op har earste ôfstân, de 400 meter frije slach, wie it direkt raak. Se moast allinnich Anastasia Pagonis foar litte. De Amerikaanse swom in nij wrâldrekôr en pakte de titel fan Bruinsma ôf. Dy koe der mei libje: "Fan de tiid hie ik mear hope, mar ik ha alles jûn. Dus ik kin mei in grutsk gefoel op it poadium stean."
Bruinsma einige dêrnei op trije ôfstannen krekt njonken it poadium. Se waard fjirde op de 50 meter frije slach en de 100 meter skoalslach en fiifde op de 200 meter wikselslach. Yn de finale fan de 50 meter frije slach waard Bruinsma hindere: in oare swimster kaam mei de earm trije kear yn de baan fan Bruinsma. It opnij swimmen fan de finale feroare allinnich neat oan de útslach.
Nei de twa fjirde plakken en in fiifde plak fielt dit wol in bytsje as myn comeback.
Liesette Bruinsma pakte op har lêste ôfstân noch in medalje
Mei al njoggen wedstriden en in pear teloarstellingen yn de skonken, moast Bruinsma har foar de 100 meter frije slach noch ien kear oplade. Mei sukses: se pakte har twadde medalje fan dizze Spelen, opnij sulver. "Benammen nei de twa fjirde plakken en in fiifde plak fielt dit wol in bytsje as myn comeback, myn revâns."
Liesette Bruinsma mei har sulveren medalje op de 100 meter frije slach © ANP
Bruinsma giet mei minder medaljes nei hûs as fiif jier lyn yn Rio, mar se is grutsk op harsels. "Fan winnen krijst enerzjy, mar teloarstellingen kostje enerzjy. Dat ik it omsette kin nei goede races én in medalje, dêr bin ik sa bliid mei."
Amazône Rixt van der Horst pakte ek twa medaljes. Mei har hynder Findsley kaam se mei sulver en brûns werom út Tokio. It doel fan de 29-jierrige Grouster lei lykwols heger: se woe paralympysk goud, de iennige priis dy't noch ûntbrekt yn Van der Horst har yndrukwekkende prizekast.
Rixt van der Horst mei hynder Findsley en de brûnzen medalje op de yndividuele proef © Orange Pictures
Op de earste dissipline dêr't Van der Horst yn Tokio yn aksje kaam, de yndividuele proef, pakte se brûns. Dêr wie se foar it grutste part wiis mei: "ik denk dat we eruit hebben gehaald wat erin zat. Ik had hele goede stukken in de proef en ik was over het algemeen heel erg tevreden, maar er waren nog wel wat kleine puntjes die wel beter konden en die de score iets omlaag haalden, dus daar baal ik wel van."

Neat kwea ôf nimme

En nei de brûnzen medalje pakte Van der Horst mei de Nederlânske ploech in sulveren medalje yn de teamwedstriid. Allinnich Grut-Brittannië wie krekt wat better. "We hebben gereden voor wat we waard zijn, dus we kunnen onszelf niets kwalijk nemen", sei Van der Horst.
Se soe doe noch yn aksje komme op de kür op muzyk, mar moast dêrfoar ôfsizze. Hynder Findsley hie him ferstapt en wie net fit genôch.
In nije paralympyske medalje wie der ek foar Alyda Norbruis. Se fytste earst de 4 kilometer efterfolging, waard dêrop tolfde, mar dat wie foar Norbruis net mear as in 'opwaarmerke' foar de 500 meter tiidrit.
Alyda Norbruis wûn sulver op de 500 meter tiidrit © Orange Pictures
Dat is de ôfstân wêrop't Norbruis yn Rio de Janeiro de titel pakte en yn Londen al sulver wûn. Yn Tokio heakke Norbruis dêr noch in sulveren medalje oan ta.

De bêste race

De Oerterpster wie dermei út de skroeven: "Ik wist dat ik in kâns hie op in medalje, mar dat it sa útpakke soe, hie ik net ferwachte. Ik ryd de bêste race út myn hiele topsportkarriêre en dy hat laat ta in sulveren medalje mei in dikke fette gouden râne."
Dêr't Bangma, Bruinsma, Van der Horst en Norbruis al ûnderfining hienen op de Spelen, wie it foar Joël de Jong syn debút yn Tokio. Hy profitearre derfan dat de Spelen in jier lyn net trochgongen, want dan hie er der net by west.
Joël de Jong die mei by it fierspringen en de 100 meter © Orange Pictures
Yn ien jier ferbettere de atleet út Harns him sa bot, dat er no by de bêsten fan de wrâld heart. By it fierspringen wie De Jong sels ien fan de medaljekandidaten. De perfekte sprong, dy't er sa graach woe, kaam lykwols net. Hy sprong 6,41 meter, goed foar it sechsde plak. "De ene keer zette ik iets te hard af. De andere keer was ik iets te voorzichtig. Het was niet stabiel genoeg vandaag."

Realisme

De Jong wie teloarsteld, mar koe it ek yn perspektyf pleatse: "Het enige toernooi dat ik tot nu toe heb meegemaakt, is het EK. Veel teamgenoten van mij zijn al op een WK of zelfs al op een Paralympische Spelen geweest. Je ziet dat mijn concurrenten precies op het juiste moment heel ver kunnen springen."
Op de 100 meter sprint helle De Jong de finale. Hy hat him yn koarte tiid geweldich ferbettere. In jier lyn wie syn bêste tiid noch 13,28 meter, yn Tokio rûn er 12,90. Dat wie goed foar it achtste plak.
Tom Egberink, in Drint dy't yn Snits wennet, ferraste by it rolstoeltennis mei twa medaljes. Yn it inkeldspul pakte er sulver en yn it dûbeldspul wûn er mei Maikel Scheffer it brûns.

Fryske medaljes op de Paralympyske Spelen

Goud
- Tristan Bangma (hurdfytsen: 4 kilometer efterfolging op de baan)
Sulver
- Tristan Bangma (hurdfytsen: wedstriid op de dyk)
- Liesette Bruinsma (swimmen: 100 meter frije slach)
- Liesette Bruinsma (swimmen: 400 meter frije slach)
- Alyda Norbruis (hurdfytsen: 500 meter tiidrit op de baan)
- Rixt van der Horst (hynstesport: lannewedstriid dressuer)
Brûns
- Rixt van der Horst (hynstesport: yndividuele proef)