Voedselbank yn Ljouwert dielt wer op eigen lokaasje pakketten út

De Voedselbank yn Ljouwert kin wer op de eigen lokaasje pakketten útdiele. Dat plak oan de Tylkedam waard in pear wiken lyn ûntromme fanwege in grutte rottepleach.
© LEO Middelsé, Wytse Vellinga
"De stellingen en friezers yn it magazyn moatte we noch opbouwe, mar we kinne yndie wer begjinne op ús eigen plak", seit Geale de Haan fan de Voedselbank. "Adviseurs ha derby west om it gebou sa te meitsjen dat de rotten der net mear bykomme kinne. De opslachromte kinne we noch net brûke. Dêr komt noch wat op de muorren sadat it glêd is en dat bisten der net by op komme kinne." Ek boukundich it gebou sa oanpast dat der gjin bisten mear fan bûten nei binnen kinne.
Hy is bliid dat se de klanten wer ûntfange kinne om har pakket op te heljen. "Dat is noch wol wat minder as earst. It wurdt klearmakke yn ús tydlike opslach en dêr stiet in beheinde foarried. Op de Tylkedam folje we dat oan en minsken krije noch wat tegoedbonnen foar de winkel."

Ferlet fan foarried

De Voedselbank moast alle foarried fuortsmite en kin noch fan alles brûke. "We sitte no op in tredde fan wat we ha moatte. Fan it wykein ha we in aksje hân by in grutte supermerk yn Ljouwert en dy hat 12 rolkonteners oplevere." Benammen fan lang hâldbere produkten as kofje, tee, guod foar op de bôle is ferlet.
Geale de Haan