Ferline fan wurkkampen De Himrik foar it ljocht helle

05 sep 2021 - 21:19

De projektgroep Werkkampen Hemrik bringt it ferburgen ferline fan de kampen Sparjebird en Wurksathe by De Himrik foar it ljocht.

In âld-kampbewenner mei slimme Alzheimer wit noch wol in marsliet te sjongen

Fan de jierren tritich ôf oant 1947 ferskaffen sa'n sechstich fan dizze kampen yn Nederlân, wêrfan acht yn Fryslân, wurk. Earst troch de Nederlandsche Arbeidsdienst oan wurkleazen, letter troch de Dútske besetters oan ûnder oaren wurkleaze Nederlânske soldaten. It saneamde 'leger mei de skep' wurke bygelyks yn de ûntginning en by boeren. Nei de oarloch hawwe der NSB-ers, kollaborateurs en Nederlânsk personiel fan de Waffen SS sitten.

Wilma Couperus en de projektgroep hawwe 2,5 jier dwaande west mei de skiednis, want al is it yn al de ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch net fan it grutste belang. It moat dochs ferteld wurde, fynt se.

"Ik vind het belangrijk dat dit een gezicht krijgt, want het is een verhaal dat doorverteld moet worden. Het heeft met name in Hemrik gedurende een jaar of zeven toch een belangrijke plek ingenomen in het dorp."

Op syk nei byldmateriaal

De projektgroep is noch op syk nei foto's of oar materiaal fan de kampen Sparjebird en Wurksathe. Der binne, foar safier't sy witte, mar trije ôfbyldings fan kamp Sparjebird.

Fan tiisdei ôf is der in eksposysje yn museum Opsterlân te sjen oer de skiednis fan de wurkkampen. Tongersdei wurdt in ynformaasjepylder ûntbleate op it plak fan it eardere wurkkamp Sparjebird.

(Advertinsje)
(Advertinsje)