Lêste frijeformaasjepartij yn Penjum is foar partoer fan Enno Kingma-en-dy

It partoer fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten hat sneintemiddei de haadklassepartij keatsen yn Penjum wûn. Yn de finale wiene sy mei 5-4 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Erwin Zijlstra en Daniël Iseger. De partij yn Penjum wie de lêste frijeformaasjepartij fan it seizoen.
© Henk Bootsma
Daniël Iseger is al in pear jier mei keatspensjoen, mar wie snein ferfanger fan Taeke Triemstra. It begjin fan de finale wie spannend. Nei fjouwer earsten stie it 2-2 gelyk. Dêrnei sette it partoer fan Enno Kingma in tuskensprint yn troch út te rinnen nei 5-2.
Van der Bos-en-dy kamen dêrnei werom oant 5-4. Krekt foar't de comeback folslein wie, makke Kees van der Schoot der mei in boppeslach op 6-6 in ein oan. Enno Kingma waard útroppen ta kening.
Enno Kingma is tige bliid mei de oerwinning yn Penjum

Alles oan de hang

Kingma, Van der Schoot en Van Zwieten seagen yn de twadde omloop noch tsjin fjouwer earsten efterstân oan. Der kaam mar leafst acht kear stân fan 6-6 oan de telegraaf te hingen tsjin Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. De oerwinning, en in plakje yn de finale, gie úteinlik mei alles oan de hang nei Kingma-en-dy.
De lytse preemje gie yn Penjum nei Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Sy ferlearen yn de heale finale mei 5-3 en 6-2 fan Van der Bos, Iseger en Zijlstra. It keatsseizoen is no hast dien yn de haadklasse. Der komme allinnich noch twa troch elkoar lotterspartijen.
Erwin Zijlstra nei it ferlies yn de finale

Froulju ek yn aksje

De froulju keatsten snein yn Tsjummearum. De winst gie dêr nei it partoer fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Sy wiene yn de finale te sterk foar it partoer fan Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma.
De lytse preemje wie foar Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Jennie Terpstra.