Simon Vuyk: "Vriendschap is de basis van alles, ook in de misdaadjournalistiek"

05 sep 2021 - 16:20

Freonskip is de rêding fan de mienskip. Dat is de kearn fan it boadskip fan Simon Vuyk út Harns. Vuyk wie snein de simmergast yn Buro de Vries.

Vuyk is kriminolooch en hy wurke 31 jier nau gear mei Peter R. de Vries. Se wiene hiel goede freonen. Misdie en freonskip klinkt miskien as tsjinstelling, mar troch út freonskip te wurkjen kin de misdie ek better oanpakt wurde. Dat fynt Vuyk. Freed begjint syn Freonskipskaravaan op de bakfyts wer. It earste plak dêr't er oangiet, is Ferwert.

Simon Vuyk oer de ferwurking fan it ferlies fan syn freon Peter R. de Vries

It wiene drege moannen foar Vuyk. Oan de iene kant it grutte fertriet om it ferlies fan in goede freon. Oan de oare kant de druk dy't dêrnei op him kaam. Vuyk wie mei Peter R. de Vries dwaande mei de saak-Tanja Groen, de studinte dy't yn 1993 ferdwûn. Alle spoaren rûnen dea. It wurk foar de Stichting De Gouden Tip wie krekt in pear wiken los.

1 miljoen euro

It doel om 1 miljoen euro byinoar te krijen, waard helle. Ferline wike wie de stille tocht yn Maastricht. Simon wie dêr mei de âlden fan Tanja. Dêrnei kaam de wurgens.

Vuyk: "Ik was af. Eigenlijk ben ik te verdrietig om ermee om te gaan en er is weinig ruimte om dat te vertalen in het werk." Vuyk siket no de romte om sels fierder te gean. Mei eigen projekten, mar yn syn libben reizget Peter R. altyd mei him mei.

Simon Vuyk oer it wurkjen fanút freonskip

Freonskip is de basis fan alles, de kearn fan it bestean. It is in libbensynstelling dêr't Vuyk eins altyd mei oan de gong west hat. Dat hat er meikrigen fan syn heit. Dy joech him dat mei. En ek yn syn wurk is freonskip fan grut belang. Misdiesjoernalistyk dêr't Vuyk en De Vries tegearre mei dwaande wiene, kin ek allinnich mar as der fanút freonskip wurke wurdt.

By de Tall Ships Races yn Harns spruts De Vries foar tûzenen minsken oer freonskip yn syn wurk. Simon Vuyk seit dêroer: "Als je iets wilt doen aan het kwaad, dan moet je dat juist doen door met het goede in de mens aan de gang te gaan."

Simon Vuyk oer de freonskipskaravaan

Freed giet de bakfyts fan de karavaan wer de dyk op. Nei al in oantal tochten it ôfrûne jier giet Simon mei ûnder oare trûbadoer Bruno Rummler op 'en paad foar de freonskipskaravaan. Se stekke freed oan yn Ferwert. Dêrnei folgje mear doarpen yn it noardeasten fan de provinsje.

Alle earste freeds fan de moanne stapt Vuyk sa op de fyts om minsken mei-inoar te ferbinen en de freonskip 'te siedzjen': "Het is puur en echt, en fysiek. En vooral positief, radicaal positief!"

Simmergast Simon Vuyk

Harkje nei de eardere Simmergasten fan Buro de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)