Dwerslizze op de seedyk yn Wierum út protest tsjin dykferbreding binnendyk

Ynwenners fan Wierum wolle oansteande sneon in aksje hâlde tsjin de plannen fan Wetterskip Fryslân. Dy wol de seedyk by it doarp oanpakke. Se binne benaud foar oantaasting fan it doarpsoansicht. By de aksje wolle de doarpsbewenners dwers op de dyk lizzen gean.
De dyklizzers sille op dit stik dyk harren aksje hâlde © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
De dyk moat fersterke wurde. Dat sil barre yn de breedte en dêrfoar is romte nedich. Dat soe oan de seekant fan de dyk kinne. By Wierum binne gjin pôlen bûtendyk. It wetter klotst by floed by de seeyk op. Wetterskip Fryslân wol net dat de ferbreding bûtendyks plakfine sil. It moat binnendyks en dêr tekenje de doarpsbewenners protest tsjin oan.
Tusken de tsjerke en dyk rint in wei foar it trochgeande ferkear. It Wetterskip hat tasein dat se net oan de tsjerke en it tsjerkhôf komme sil. It besteande muorke oan de foet fan de seedyk bliuwt rûchwei de grins.

Muorre

By in ferbreding binnendyks soe dat betsjutte dat de seedyk oan it muorke ta yn de nije situaasje heger wêze moatte soe en dus soe de muorre ek heger moatte. Fraach is ek oft de wei tusken seedyk en it tsjerkhôf sa bliuwe kin sa't er no is, of oft it trochgeande ferkear aanst troch de buorren moat. Op simmerske dagen is it dêr altyd drok mei ferkear dat de dykrûte folget, oer Nes nei Moddergat en Peazens.

"Ferbreding achterdyk gjin opsje"

It wetterskip wol noch gjin konkrete sketsen jaan fan de nije situaasje. Wol stiet fêst dat ferbreding achterdyk gjin opsje is foar Wierum, sei in wurdfierder fan Wetterskip Fryslân tsjin Omrop Fryslân. Dat soe net kinne omdat it natuergebiet is. Tagelyk sei er ek dat by Peazens-Moddergat de ferbreding wol achterdyk wêze kin. Mei ekologyske ynpassing, sadat it goed is foar de natuer. Wêrom't dat by Wierum net mooglik is, is ûndúdlik.
De Wierumers binne foar ferbreding achterdyk, sadat it doarp safolle mooglik yn takt bliuwe kin. Om harren miening krêft by te setten, sille doarpsbewenners en sympatisanten op 11 septimber om 13:00 oere 'dwerslizze' boppeop de seedyk.