Beitske Visser tolfde yn W Series yn Zandvoort
Beitske Visser út Twellingea is by de wedstriid fan de W Series yn Zandvoort tolfde wurden. It wie de earste race fan de autokoereur nei har hurde crash yn België.
Visser wie noch net hielendal fit, mar woe graach meidwaan oan de wedstriid yn eigen lân. De oerwinning wie foar de Britske Alice Powell.
Visser stiet no ek op it tolfde plak yn it klassemint mei 18 punten.