Makkers oer Hûnekopfilm Stjer: "In soad wille en sliepeleaze nachten"

De Fryske film fan De Hûnekop giet moandei yn premjêre yn Ljouwert. De film is makke troch Emiel Stoffers en Jeroen Seinstra fan de band De Hûnekop, en troch programmamakker Janko Krist, ûnder oare bekend fan HEA! en Man bijt hond.
De makkers oer de Hûnekopfilm Stjer:
De makkers sitte by it radioprogramma Op & Ut yn de studio fan Omrop Fryslân. "Ik sjoch dernei út om yn de seal te sitten en reaksjes fan minsken te sjen", seit haadrolspiler Emiel Stoffers fan De Fryske band De Hûnekop. Emiel spilet himsels yn de film.
"Wy woene in wat Dick Maas-horrorachtige film", seit Emiel. In searjemoardner makket oan de rinnende bân Fryske artysten dea. Emiel sjocht de bui al hingjen en freget swalker Freddy, spile troch Harm Bakker, syn plak yn de nimmen as sjonger dan de band.
De tredde grutte rol yn de film is foar plysjefrou Goaiske fan Goaitsen spile troch GTST-aktrise Bertrie Wierenga. Sy praat fan harsels gjin Frysk. Dêr kaam Emiel achter doe't er har oer de telefoan freegje woe oft se meidwaan woe. Se hat it Frysk hiel gau oppikt. Bertrie hat yn Ljouwert en Hurdegaryp wenne.

"Focking geniaal"

Hoe't it idee ûntstien is foar de film? Jeroen en kaam mei it idee fan in seriële Fryske-artystekiller. Emiel: "Focking geniaal, dan belje wy se allegeare op en freegje oft se meidwaan wolle."
Dat fan dy swalker kaam Emiel sels mei, troch in freon dy't him fertelde fan in dûbeldgonger/kûgelopheiner fan Sadam Hoessein fan Irak. Emiel: "Dat wie in geitehâlder of sa." Hy libbe it lúkse libben fan de diktator.

Doch mar

Der sitte trije ferhaallinen yn de film: de leafdesrelaasje fan Emiel en Goaitske, de relaasje Emiel mei de swalker en it ferhaal fan de moarden. En der sitte ek hilaryske reklameblokken yn de film.
De ynhâld fan de film ûntstie sa, fertelt Emiel: "Wat we mar betinke koene, propten we deryn. Sa hie ik in gek loopke. Janko moedige my oan: 'Botter'. Dus doe wie it: Let's go. Der sit ek in hiel soad muzyk yn de film. It skript en de muzyk, alles floeide der gewoan út. We hawwe ússels net ynkadere hoe't it moast. It wie gewoan: doch mar."
Fan in dom filmke foar op Facebook oant de film fan twa oeren dy't yn premjêre giet.
Janko Krist
Stjer, Jeroen Seinstra (l.) en Janko Krist (r.) © Ormop Fryslân, Geertrui Visser
Janko koe Emiel fan de telefyzjeprogramma's 'Buorkje foar begjinners' en letter fan 'Europa foar begjinners'. "Emiel belle my op in stuit op. "Wy hawwe in idee foar in film. Wolst it dwaan?"
Janko wist hoefolle wurk oft it wie en sei earst 'nee'. "Doe kaam corona. Alles leit stil en ik siet thús. Doe hawwe wy wer kontakt hân en is it út de hân rûn. Fan in dom filmke foar op Facebook oant de film fan twa oeren dy't yn premjêre giet."
De film is makke mei sponsorjild en moat it no hawwe fan de kaartferkeap. Janko Krist: "Wy hawwe alles jûn foar de film. Foaral Emiel en ik. Wy hawwe nachten der net fan sliept."

Raze mei trije tekkens oer de kop

Janko en Emiel montearren yn in loads yn Ljouwert en dêrnei sette Jeroen thús de muzyk en de lûdseffekten derop. Jeroen: "Ik wenje op in flatsje. By it nûmer 'Wâldcore' moast ik lûd raze. Dat haw ik dien mei trije tekkens oer de kop. Wy hawwe in hiel soad wille hân by de opnamen: Sa lei ik op in stuit tusken de skonken fan kameraman Jorrit Meinsma mei in liende blêdblazer Bertrie har hier oan te blazen."
Janko tinkt dat der net gau wer in Fryske film op sa'n grutte skaal makke wurdt. Dat de film yn Fryslân net sa goed rinne sil, makket Jeroen him gjin soargen oer. De hoop is dat it cultfilm wurdt bûten Fryslân. Stjer sil njonken rûnom yn Fryslân ek yn in de Pathé-bioskoop yn Grins draaie.