Tips fan Wenger, Drogba en heit moatte Maxim Gullit helpe by Cambuur

04 sep 2021 - 13:54

Hy spile noch gjin minút foar SC Cambuur, mar mei sa'n efternamme witte je dat fuortendaliks de skynwerpers op je rjochte binne. Maxim Gullit is ien fan de nije oanwinsten by de Ljouwerters.

We komme yn 'e kunde mei de nije ferdigener fan SC Cambuur

De tweintichjierrige ferdigener hat syn earste folsleine wike by Cambuur derop sitten. Hy kaam oer fan AZ, dêr't er benammen yn de beloften spile. Maxim Gullit wol spylje yn de earedifyzje en kiest dêrom foar de stap nei Ljouwert. Dêr moat er konkurrearje mei Erik Schouten foar de posysje fan linker sintrale ferdigener. Ek soe Gullit op linksback út de fuotten kinne.

Fansels giet it oer syn fuotbalkwaliteiten. Mar, je kinne ek net om de famyljebannen hinne. Heit Ruud Gullit is ien fan de bêste fuotballers dy't ús lân ea hân hat. En de mem fan Maxim, Estelle Cruijff, is dan wer in nichtsje fan Johan Cruijff. It mei dúdlik wêze: it fuotbalbloed streamt troch syn ieren. "Ik dacht dat je het was vergeten, haha. Ik dacht wel dat je hierover zou beginnen", laket Maxim. "Het is een leuke combinatie."

Foto: Dijks Fotografie

"Ik snap dat heel veel mensen nieuwsgierig zijn. Ik ben echt heel trots op wat mijn vader heeft bereikt, maar ik heb er geen last van of zo", fertelt Maxim, dy't der ek bêst oer prate wol. Prate docht er ek mei syn heit Ruud oer fuotbal. "Als ik wedstrijden speel, praten we alleen maar over de details die beter hadden gekund."

En net allinnich Ruud Gullit, dy't mei Nederlân Europeesk kampioen waard yn 1988, is in ynspiraasjeboarne foar Maxim. As syn heit as fuotbalanalist by ynternasjonale stjoerders sit, fideobellet er ek wolris mei âld-middenfjilder Claude Makélélé en fuotbaltrainer Arsène Wenger dy't by Ruud yn de studio sitte.

Maxim Gullit oer syn fjouwer foarbylden

Troch de komst fan Gullit, hat Henk de Jong wer wat mear opsjes yn de Cambuur-ferdigening. Boppedat is Gullit neffens de trainer in spiler dy't yn it Cambuur-plaatsje past. "Hy behearsket wat wy wolle: it útstellen fan passes en it yndribbeljen. No moat er ús spul ûnder de knibbel krije, dat freget ek wat tiid. Hy moat de tiid nimme, mar as er deryn kin, giet er deryn."

Yn de petearen dy't De Jong mei Gullit hie, joech de Fryske coach de fuotballer in 'goed gevoel': "De trainer heeft mijn wedstrijden gezien en voornamelijk het voetballende gedeelte vond hij goed. Dat past ook bij de club. Natuurlijk moet ik nog veel leren, maar mijn profiel past bij Cambuur", konkludearret Gullit.

Debút tsjin Go Ahead Eagles?

Nije wike soe Maxim Gullit debutearje kinne foar SC Cambuur, as de Ljouwerters op sneon thús spylje tsjin Go Ahead Eagles. Hy kaam oer fan AZ mei in lytse blessuere oan de hamstring en om dy reden trainde er dizze wike apart fan de groep. Moandei slút Gullit wer oan by de groepstraining.

Gullit is net de iennige spiler dy't tsjin Go Ahead syn earste minuten yn it giel-blau meitsje kin: ek Filip Krastev en Roberts Uldrikis soene mooglik debutearje kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)