Sosjale media jout ympuls, 9 op de 10 Frysktalige jongerein brûkt Frysk

04 sep 2021 - 11:06

Njoggen op 'e tsien Frysktalige jongeren brûkt wolris Frysk op sosjale media. Dat docht bliken út ûndersyk fan Lysbeth Jongbloed-Faber. Sy is freed promovearre oan 'e Universiteit Maastricht op it proefskift 'Frisian on social media, the vitality of minority languages in a multilingual online world'.

Foto: Hindrik Sijens

It proefskrift bestiet út ferskate ûndersiken dêr't it brûken fan Frysk op sosjale media sintraal stiet. It ûndersyk lit sjen dat it Frysk op 'e nije media brûkt wurdt.

As it giet om jongerein brûkt benammen de Frysktalige jongerein it Frysk en dan foaral op WhatsApp en Snapchat: sa'n 60% fan de Frysktalige jongerein brûkt dêr faak of altyd Frysk. Jongbloed sjocht op sosjale media in tendins fan ûnderen op. In soad kinne it net goed skriuwe, mar se brûke de taal wol.

Jongbloed: "Doe't ik jong wie, hiest folle minder Frysk yn de media. Dat is no folle mear beskikber, sawol op de (sosjale) media as yn de sin fan sels kontent meitsje. Minsken brûke graach Frysk op sosjale media, benammen as se fan hûs út Frysk binne. Twataligen brûke minder faak Frysk."

Lysbeth Jongbloed

Op de sosjale media Instagram, Facebook en Twitter wurdt it Frysk in stik minder faak brûkt. Yn trochsneed is it dêr faker Nederlânsk as Frysk. Ek brûke de measte Friezen minder faak Frysk op sosjale media as yn sprutsen kommunikaasje.

Dat de iene jongere it Frysk folle faker brûkt as de oare hat te krijen mei in tal faktoaren. Neist memmetaal is it benammen it sosjale fermidden fan de jongerein, hoe faak oft jongerein Frysk prate yn it deistich libben mei harren freonen, it part fan jins publyk dat Frysk praat, de skriuwfeardigens en taalhâlding fan ynfloed op it brûken.

'Goed foar fitaliteit fan it Frysk'

Dat it Frysk brûkt wurdt yn dit nije domein is goed foar de fitaliteit fan it Frysk. It lit sjen dat Friezen Frysk brûke wolle, ek al hawwe in soad Friezen net goed Frysk skriuwen leard. Troch de sosjale media skriuwt in folle gruttere groep minsken no Frysk, mei of sûnder dakjes en streekjes. De gewoante om Frysk te brûken op sosjale media soe derta liede kinne dat yn 'e takomst mear Friezen ek Frysk skriuwe yn e-mails of oare skriftlike kommunikaasje.

Lysbeth Jongbloed hat seis jier ferlyn ek ûndersyk dien nei Frysk op sosjale media. Se sjocht gjin ferskil mei no kwa frekwinsje. Wat wol opfalt is dat it doe benammen gie oer it Frysk op Facebook en Twitter. Jongerein brûke dy kanalen no net mear, sy sitte tsjintwurdich op Snapchat en Instagram en fansels brûke se foar de direkte kommunikaasje Whatsapp. Op Snapchat wurdt tsjinstwurdich likefolle Frysk brûkt as op WhatsApp.

Fierders hat se de Fryske situaasje ferlike mei oare minderheidstalen. Yn Welsk en it Iersk wurdt de minderheidstaal folle mear brûkt as it Frysk yn Fryslân.

Kampanje

By har nije baan by de Provinsje Fryslân wol se dat der mear omtinken komt foar digitale helpmiddels by it skriuwen, want "in soad minsken witte net dat dy bestean." Sa binne der G-board en Swift Key en de app fan Taalweb Frysk. In kampanje soe net ferkeard wêze, fynt sy.

En meikoarten is der ek wer in ynsprekwike foar spraakwerkenningstechnology, sadat minsken yn de takomst ek yn it Frysk in 'spraakkompjûter' lykas Siri betsjinje kinne. Minsken kinne harren dêr no ek al foar opjaan, op voice.mozilla,frl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)