Drylts en It Heidenskip wurkje gear om fernijde fierljepskânsen foarinoar te krijen

Drylts en It Heidenskip krije nije fierljepskânsen. Mei dat plan komme de pleatslike fierljepferieningen nei bûten. Takom jier moatte de skânsen klear wêze, seine sy freedtejûn yn it Fierljep Kafee by Omrop Fryslân.
De nije skânsen binne feiliger en handiger, en miskien kin der ek fierder sprongen wurde mei de nije ynnovaasje. Auke Zijlstra is mei Jan Teade Nauta de ûntwikkelder fan de nije skânsen. Hy wit wat der oars moat:
"Under de oanloop sit stiel en dat moat sa stevich mooglik wêze. Dêr mei gjin beweging yn sitte, want it moat net slingerje. De plankjes der boppe-op jouwe wol wat fearring. Mar allinnich safolle dat it de ljepper helpt, yn plak fan dat it tsjinsit."
De boaiem fan de wetterbak, it saneamde 'polssetgebiet, moat ek oars. Yn Drylts en It Heidenskip gean se mear rjochting it drainaazjesân wat de fierljepskânsen yn Burgum ek hawwe.
Der sit no grint yn de wetterbak. Mei sân stiet de pols, as er set is, steviger. Der is minder kâns op ûnferwachtse bewegingen. "Mei grint kin er trochskowe of draaie", seit Auke Zijlstra.
It Fierljep Kafee oer de nije fierljepskânsen yn Drylts en op It Heidenskip
De fierljepakkommodaasjes fan Drylts en It Heidenskip wurkje mei-inoar op om de skânsen te ferbetterjen. Gearwurkje hat noait in probleem west, seit Johannes Hobma, heit fan ljepper Thewis Hobma. Hy is fan de fierljepferiening Drylts: "Jo kinne mei-inoar in soad foar de sport betsjutte. Wy wiene mei de subsydzjeoanfraach fierder en sy op It Heidenskip mei de technyske ûntwikkeling."
De kosten fan sa'n fernijde ljepskâns lizze tichter by de ton as by de 50.000 euro, seit Hobma. Der is help fan provinsje en fan de gemeente Súdwest-Fryslân, mar se dogge sels ek in soad mei frijwilligers.
De nije fierljepskânsen fan Drylts en It Heidenskip moatte takom jier klear wêze, sa it doel.
It FK fierljeppen yn Winsum is sneon live te folgjen by de Omrop, fan healwei twaen ôf, op radio, telefyzje en online.