Follybalsters rinne EK-finale mis nei nederlaach tsjin Italië

It is de Nederlânske follybalsters, mei Marrit Jasper út Snits, net slagge de finale te berikken op it EK. Yn Belgrado wie Oranje yn de heale einstriid yn fjouwer sets frij kânsleas tsjin Italië. It waard 3-1 (25-19, 25-17, 16-25 en 25-18).
© Orange Pictures
Italië nimt it sneon yn de finale op tsjin gastlân Servië, dat earder op de dei Turkije mei 3-1 yn sets fersloech. Dêrtroch spylje Nederlân en Turkije sneon tsjin inoar yn de striid om it brûns.
Twa jier lyn waard Nederlân yn de kwartfinales ferslein troch Turkije. De titel gie doe, lykas yn 2017, nei Servië. Yn 1995 waard Nederlân foar it lêst Europeesk kampioen.
De folleybalsters diene fan 't simmer net mei oan de Olympyske Spelen yn Tokio.