Deputearren roppe Haachske politisy op: "Avesearje mei kabinetsformaasje"

It geduld by provinsjes oer de trage Haachske formaasje begjint op te reitsjen. Wilens it lân gewoan fierder liket te draaien en it demisjonêre kabinet wol besluten nimt oer corona, lizze oare dossiers stil. It Interprovinciaal Overleg (IPO) hat no in brânbrief nei Den Haag stjoerd mei deryn it boadskip om op te sjitten.
Sander de Rouwe © Omrop Fryslân
De Fryske deputearren stypje de oprop fan it IPO om te avesearjen. "Minsken yn de provinsje sjogge en fiele it", seit deputearre Sander de Rouwe. "Bygelyks ús boeren. Dy wolle dúdlikens ha oer de stikstofproblematyk. Dy wolle witte: krije we no in fergunning of net?"

Dossiers yn it read

Neffens De Rouwe rinne ek de plannen foar de Lelyline en de byhearrende bouplannen fertraging op. "Miskien no en moarn fernimme we it noch net, mar oare wike fernimme we it wol. En dan is it faak al te let, want in protte dossiers stean eins al yn it read."
De provinsjes ha begryp foar de politike situaasje, mar fine it traach ferrinnende formaasjeproses net yn it belang fan it lân. "It kin net folle langer duorje", seit De Rouwe. "We moatte troch, we moatte oan it wurk. It giet wol troch, mar mei hiele lytse stapkes en we moatte eins grutte stappen sette."

Nije enerzjy

Gemeenten en provinsjes meitsje dêrtroch mei de hânrem belied, seit De Rouwe. "Stap foar stap in lyts bytsje foarút, dat sjogge we, mar we ha de lange termyn nedich. En ek mei motivearre minsken. De minsken yn Den Haag binne wurch, sjochst de ministers opstappe en útfalle. Dêr ha ik begryp foar, omdat it hiel drok wie, mar we ha ek behoefte oan minsken mei nije enerzjy dy dúdlikheid jouwe op de lange termyn."
De Rouwe, dy't ûnderfining hat as formateur op gemeentlik nivo, hat noch wol in pear tips foar de Haachske politisy. "Sykje mekoar op, en net allinnich yn Den Haag. Gean der ris opút mei mekoar, doch ris in 'wandeling', gean ris it fjild yn. Miskien dat der dan oare útkomsten komme."
Deputearre Sander de Rouwe