Sulveren Bruinsma ta oan rêst: "Ha my alve kear hielendal nei de kloaten swommen"

Se gong foar fiif medaljes op fiif ôfstannen, mar it waarden twa. Dochs is swimster Liesette Bruinsma grutsk op harsels nei de Paralympyske Spelen.
Liesette Bruinsma swimt nei har twadde sulver:
Bruinsma is hiel bliid dat se har toernoai ôfslút mei in medalje. Se pakte freed sulver op de 100 meter frije slach. "Benammen nei de twa fjirde plakken en in fiifde plak fielt dit wol in bytsje as myn comeback, myn revâns. Ik sei woansdei: se binne noch net fan my ôf! Dat ha ik wiermeitsje kinnen."

Teloarstellingen kostje enerzjy

De swimster út Wommels is grutsk op harsels. "Dat ik alle kearen wer de knop omsette koe en der fol foar gongen bin om it poadium te heljen. Dat slagget dus dochs, nei al dy tsjinslaggen. Fan winnen krijst enerzjy, mar teloarstellingen kostje enerzjy. Dat ik it omsette kin nei goede races én in medalje, dêr bin ik sa bliid mei."
Bruinsma mei har sulveren medalje fan freed © Orange Pictures
Fan Bruinsma hienen de Spelen noch wol even duorje mochten. "It is hiel spitich dat dizze geweldige ûnderfining no foarby is. Mar ik bin ek hielendal stikken. Terjochte, want ik ha my alve kear hielendal stikken swommen."
Bruinsma hie in fol programma: op alle fiif ôfstannen swom se yn de searjes en de finale. En dan moast de finale fan de 50 meter frije slach ek noch opnij, omdat Bruinsma hindere waard.
Se wit dus wol wat se no dwaan sil. "Mei fakânsje, myn jierdei hâlde en ik mei ek noch op besite by de kening. Dat binne moaie dingen. Mar benammen ek lekker útrêste."