Ljouwerter hoareka wol soepeler regels foar brulloften en partijen

De hoareka yn Ljouwert freget boargemaster Sybrand Buma oft besletten feesten mei entertainment wer organisearre wurde meie. Op it stuit mei de hoareka troch de coronakrisis mar in beheind tal minsken binnen litte.
Hoareka yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Dy besikers moatte boppedat op harren stoel sitten bliuwe en moatte foar 12 oere wer fuort wêze. Om't brulloftsfeesten of oare feesten no massaal ôfsein wurde, rinne se ynkomsten mis.
It is net te begripen dat dit soarte eveneminten net plak fine meie, skriuwt Keninklike Hoareka Ljouwert. Eveneminten fan ien dei meie plak fine, mei op syn meast 750 minsken, en dat bart no bûten de hoareka om. Brulloften ferdwine no faak nei lokaasjes bûten de hoareka, lykas loadsen of boereskuorren.
De sektor fynt dat de hoarekasaken binnen de jildende maatregels lykwols feilich brulloften en besletten partijen organisearje kinne, mei in faksinaasjebewiis of in coronatest fan heechút 24 oeren âld. Dêrom freegje se oft boargemaster Buma dat mooglik meitsje wol. Buma lit yn in earste reaksje wite dat er op koarte termyn mei de briefskriuwers prate wol.
De 2 Gemeenten yn Jirnsum © Omrop Fryslân
De 2 Gemeenten yn Jirnsum is ien fan de saken dy't no ynkomsten troch brulloften misrint. Neffens Jantina Grijpma fan it ytkafee komt dat troch de coronaregels. "Meist wol in brulloft jaan, mar muzyk is net tastien en je meie net dûnsje. It wurdt dan in stive 'bedoening' en dat is net wat in breidspear wol."
Grijpma riedt breidspearen dêrom oan om de brulloft op priveeterrein te organisearjen, want dêr wurdt net hanthavene. Grijpma kin de regels ek net mear útlizze oan har klanten. "Myn klanten sizze: ik bin faksinearre, wêrom moat ik stilsitte? Se snappe it net."
As it goed is, hâlde je mar ien kear in brulloft en dan moat it wol goed.
Jantina Grijpma
Se freget dêrom fan Buma romte foar it organisearjen fan besletten brulloften en partijen, foaral ek yn it belang fan har klanten. "As it goed is, hâlde je mar ien kear in brulloft en dan moat it wol goed."
Yn it ljocht fan de massale byienkomst yn Zandvoort by de Formule 1 kin Grijpma al hielendal net begripe wêrom't in besletten brulloft yn in hoarekaseal net mooglik is. "It giet faak om byienkomsten fan 150 minsken dy't yn de priveesfear ek al meiïnoar omgeane. Dat soe gjin probleem wêze moatte."
Horeca-ûndernimmer Jantina Grijpma fan De 2 Gemeenten
Muzykkafee Scooters oan it Ruterskertier yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Muzykkafee Scooters fan foarsitter Ton Eijer fan de ôfdieling Ljouwert fan Koninklijke Horeca Nederland hat wer hiel oare problemen. Eijer organisearre al in 'coronaproof' karaoke, wêrby't by eltse nije sjonger de kap oer de mikrofoan ferfongen wurdt en eltsenien sitten bliuwe moat.
"Wy tochten, we kinne it hiel feilich bringe, mar fan hjoed ôf mei it net mear. As je sjogge dat der yn Zandvoort 75.000 minsken omrinne, jout dat wol in apart gefoel." It organisearjen fan in pubquiz is no de iennichste aktiviteit dy't oer bliuwt foar Scooters.

Ein oan oardelmeterregel?

Oer in pear wike wurde de regels foar de hoareka nei alle gedachten wer oars. Minister De Jonge tinkt deroer om de oardelmeterregel los te litten, as alle besikers in faksinaasjebewiis of negative test sjen litte kinne.
Eijer is net entûsjast, mar sil der wol oan meidwaan. "As it moat, dan moat it. Mar as we sa as hoareka mear dwaan kinne, dan moatte we der yn meigean."
Foarsitter Ton Eijer fan Koninklijke Horeca Nederland ôfdieling Ljouwert