Rjochtsaak Mûnein tsjinnet nei alle gedachten net earder as takom jier

De rjochtsaak tsjin de man dy't ferline jier juny yn Mûnein in man út Almere deastutsen ha soe, tsjinnet nei alle gedachten net earder as begjin takom jier. De saak soe ein novimber wêze mar dat giet net troch omdat de advokaat fan de fertochte wol dat der in rezjysitting komt.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Op sa'n rezjysitting wurdt de saak pland. De rjochtbank wol dan ynformaasje ha oer hoe fier't it Iepenbier Ministearje is mei it ûndersyk. De ferdigening kin noch fersiken dwaan.
Dat barde yn dizze saak earder ek al: doe is op fersyk fan de ferdigening in rekonstruksje makke fan it misdriuw. Ek hat der in saneamde bloedspat-analyze west. De 28-jierrige fertochte wurdt op it stuit ûndersocht yn it Pieter Baan Centrum.

Stien en mes

It slachtoffer dat ôfrûne jier deastutsen waard, wie dy dei op besite by de bewenner yn Mûnein. De fertochte wenne oan de oare kant fan de strjitte. Earder dy dei wie hy al by syn doarpsgenoat del west, dêrnei kaam er werom mei in stien en in mes.
Ein augustus fan ôfrûne jier hat de man yn de finzenis yn Zwolle in oare finzene mei in pinne in de holle stutsen. Dat wurdt as ekstra feit - poging ta deaslach - meinaam.