Transformatorhúske Nyegea: fan tútsjen oant graffitykeunst

Tútsje efter it gebouke of gedichten lêze op de muorren: it transformatorhúske yn Nijegea is in moetingsplak en sûnt koart ek in keunstwurk dat de oandacht lûkt.
Sietie en Reinder Noordenbos ha tsjinoer it transformatorhúske harren teetún De Tamarisk. Ut harren hús wei sjogge se út op it keunstwurk. Se binne der grutsk op dat se der mei foar soarge ha dat it gebouke no keunst is: it transformatorhúske is yn reinbôgekleuren mei graffity bespuite.
Ek hat it trije gedichten, wêrfan ien yn it Frysk. Keunstners en dichters ha yn de maitiid fan ôfrûne jier mei de gedichten oan de slach west. In offisjele iepening hat it húske troch corona net hân, mar it lûkt de oandacht trochdat it op in fytsrûte leit.
It húske wie hielendal fertutearze en siet fol mei graffity. Wy ergeren ús der wat oan en yn 2018 ha we Liander frege: kinne jim dit hûske net opknappe?
Reinder Noordenbos
It húske is al hûndert jier âld, seit Reinder Noordenbos, mar stie er de lêste tiid net mear sa moai by. Noordenbos: "It húske wie hielendal fertutearze en siet fol mei graffity. Wy ergeren ús der wat oan en yn 2018 ha we Liander frege: kinne jimme dit hûske net opknappe?" Dat kealle swier, mar úteinlik wie it de gemeentedichter dy't de transformaasje yn gong set hat.
Reinder Noordenbos is deun by de teetún berne en wit net better as dat it transformatorhúske der stiet. Syn sus hat der sels har man moete en dêrnei binne se troud. It earste tútsje is miskien wol by it húske jûn en ek oare saken barden efter it gebouke.
De âlde funksje fan hing- en tútersplak hat it noch hieltiten, al steane der no foaral toeristen en fytsers by it húske om selfies te meitsjen en de gedichten te lêzen.
Reinder Noordenbos oer it transformatorhúske yn Nijegea