Fryske fuotbalklups meitsje statement en hingje reinbôgeflagge út

03 sep 2021 - 15:08

Op it fjild fan FC Burgum is tongersdeitejûn in grutte reinbôgeflagge dellein om in statement te meitsjen foar de ynklusivens fan de sport. Tolve foarsitters en bestjoersleden wiene der by. Yn totaal hingje mear as 50 Fryske fuotbalklups de reinbôgeflagge út.

"Ik word hier zo gelukkig van, dat zoveel clubs ons steunen en er ook serieus mee bezig zijn", seit Tineke Admiraal as mei-inisjtyfnimmer. Mei de aksje wolle sy sjen litte dat it ferskaat oan gender en seksuele foarkarren der wêze mei.

Gjin ûnderskied meitsje

Foarsitter fan FC Burgum, Dirk van der Woude, hopet dat de aksje ta akseptaasje liede kin. "Wy binne in jonge klup. Us kearnwearden binne: hert foar de klup, sport en omjouwing. Wy hawwe de reinbôgeflagge yntusken hingjen. Foar ús is it meast wichtige dat wy gjin ûnderskied meitsje wolle yn wa'tst bist en watst dochst, mar dat eltsenien wolkom is by ús klup."

Dat der safolle klups meidogge oan it inisjatyf fynt Van der Woude prachtich. "Mei in lyts ploechje is it inisjatyf naam en binne oare klups frege om dit sinjaal ek te jaan. As der dan sa rap 50 klups meidogge, is dat echt hertferwaarmjend."

(Advertinsje)
(Advertinsje)