Auto yn sleat op Lauwersseewei by Moarre: ien persoan om it libben kaam

03 sep 2021 - 14:13

Oan de Lauwersseewei (N361) by Moarre is in auto yn de sleat rekke. In ynsittende frou koe de auto noch út komme, mar de man dy't ek yn de auto siet, is ferstoarn. Ferskate helptsjinsten binne op it plak kaam, lykas in traumahelikopter, mar foar it slachtoffer kaam it te let.

Foto: CAMJO media

Der is net bekend makke wat de oarsaak fan it ûngelok is. It ûngelok barde yn de rjochting fan Dokkum. De plysje hat de Lauwersseewei ôfsletten. De ferwachting is dat de dyk yn de rin fan de middei wer frijjûn wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)