De Ljouwerter freedsmerk oer Tata Steel: "It grutte jild, hè"

03 sep 2021 - 14:04

De útstjit fan Tata Steel hat folle gruttere gefolgen foar de sûnens as oant no ta út de rapporten bliken die. Hoe koe dat bedriuw yn dit lân mei syn strange miljeuregels en foarskriften sa lang trochgean? Op de Ljouwerter freedsmerk waard benammen de link mei 'it grutte jild' lein.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Het grote geld heeft de macht hè? Kijk maar naar KLM en Shell en Tata dus. Die jongens mogen net even iets meer dan de slager die zijn worst wil roken." Neffens de tasseferkeaper wurdt yn ditsoarte gefallen gauris in eachje tichtknypt: "Die mensen weten precies de wegen te bewandelen waardoor ze overal tussen door scharrelen. Schandalig."

In oare keapman tocht dat sels Stevie Wonder wol troch hawwe soe dat der in ferbân wêze moast tusken de útstjit en de sûnenskonsekwinsjes foar de minsken dy't dêr yn 'e buert wenje.

Belangen

Oan de oare kant waard ek wiisd op de wichtige rol dy't it bedriuw hat foar de wurkgelegenheid en de nasjonale ekonomy. Mar oft jo dan de eagen mar slute moatte foar de konsekwinsjes? "Eins net, hè?"

Ek it feit dat protestearjende omwenners lang net serieus naam waarden, kaam yn de reaksjes nei foaren: "Bij die protesten worden mensen jaren aan het lijntje gehouden en trekken vaak toch nog aan het kortste eind. Het lijkt er op dat die grote bedrijven er mee weg kwamen, ook als zij zich niet aan de regels houden."

Net hingjen bliuwe yn lilkens

Neffens in besiker fan de merk moatte we lykwols net hingjen bliuwe yn lilkens: "De grote bedrijven mogen vaak wat meer, maar dat wil niet zeggen dat de kleine ondernemers altijd alles volgens de regels doen. Daarom roep ik op, om gewoon eerlijk te zijn. Als dat meer gebeurt, dan gaat het veel mooier worden in onze maatschappij."

De Ljouwerter freedsmerk oer Tata Steel

Trefwurden: 
freedsmerk Tata Steel
(Advertinsje)
(Advertinsje)