It Frysk kampioenskip fierljeppen fynt himsels wer op 'e nij út

03 sep 2021 - 13:31

De fierljepferiening fan Winsum makket him op foar de organisaasje fan it twadde Frysk kampioenskip fierljeppen yn coronatiid. Yn 2020 mocht der fanwege de coronamaatregels mar 250 man publyk by, mar no skale se op nei in evenemint fan 750 minsken.

Anna Martha van der Mei fan de fierljepferiening yn Winsum:

Yn 2019 waard it FK in dei útsteld fanwegen in simmerstoarm en waard der foar it earst ljept op snein. Yn 2020 gie it noch wol troch, mar mei in bytsje publyk.

De kar fan it bestjoer

"Dit jier koene wy kieze", seit foarsitter Anna Martha van der Mei fan Fierljep Feriening Winsum e.o. "Of in soad minsken ûntfange, mar wol mei sitplakken en nei de tiid fuort nei hûs. Of in lytser evenemint mei maksimaal 750 minsken, sûnder sitplakken, 1,5 meter ôfstân en mei in feestje nei de tiid. Foar dat lêste hawwe wy keazen."

Foar it Frysk kampioenskip is earst in soarte 'stille kaartferkeap' opset om de ljeppers en har famylje de kâns te jaan om der by te wêzen. "Dêrnei hawwe wy it dield mei de ferskate fierljepferieningen. Sûnt woansdei is de kaarferkeap iepenbier, dat komt stadichoan op gong." Der binne noch kaarten te krijen, ek sneon noch oan de kassa.

It FK op 'e nij útfine

De oanpak is dit jier wer oars as ferline jier, seit Van der Mei. "Us rûtine is fuort, wy fine it evenemint wer op 'e nij út. Earder hiene wy it ljepperfeest yn de kroech, dat kin no net. No hiere wy in band yn en dogge wy it op it ljeppersplak."

Trilogy foar Sytse Bokma?

Foar Sytse Bokma fan Hylpen is it in suksesfol seizoen oant no ta. Hy wûn foar it earst as senior it fierljepklassemint en mei no dus yn de Fryske liederstrui úteinsette op it FK.

Bokma syn ambysje

As ljepper hat hy al oansprekkende resultaten efter syn namme. Sa waard hy yn 2011 Frysk kampioen by de jonges en yn 2015 pakte hy de Fryske titel as junior. Syn grutte winsk is dan ek om dat keunstje no ek yn de Topklasse foar inoar te krijen. Allinnich Rimmer Abma wist dat ea te prestearen.

Fierljep Kafee 3 septimber: radio 18.00-19.00 oere

FK 4 septimber: radio, telefyzje en online fan 13.30 oere ôf

It Nederlânsk kampioenskip is op 18 septimber yn Burgum. Ek dêr dogge wy ferslach fan op radio, telefyzje en online.

(Advertinsje)
(Advertinsje)