De simmerfakânsje is foarby, lit ek it oprinnende tal skoalbesmettingen sjen

03 sep 2021 - 13:04

Oan de coronasifers is te sjen dat de simmerfakânsje foarby is: it tal besmettingen rint stadich op. Al ferskate Fryske skoallen ha klassen nei hûs ta stjoerd fanwegen coronagefallen by learlingen en learkrêften.

Tal besmettingen op skoallen rint op

It Fryske besmettingssifer is mei heech trochdat de skoallen al wer hast twa wiken iepen binne, lit GGD Fryslân witte. Op tsien basisskoallen wiene trije of mear besmettingen oan inoar te keppeljen. Yn totaal wiene der 87 besmettingen op dizze skoallen. Dêr wiene ek 11 besmettingen by learkrêften.

Besmettingsklusters

Fan eltsenien dy't him yn de ôfrûne wike yn Fryslân teste litten hat, wie ien op de fiif in learling fan in basisskoalle. Dan giet it om mear as 1.300 basisskoallebern. Yn it fuortset ûnderwiis wiene njoggen klusters mei yn totaal 80 besmettingen.

Guon lokalen binne tydlik wer leech fanwege corona - Foto: ANP

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

GGD Fryslân merkt dat der ek mear bern test wurde, seit direkteur Margreet de Graaf. "Wy hawwe kontakt mei skoallen, mar guon skoallen stjoere ek bern nei hûs al foar't sy mei ús sprutsen hawwe. It giet it measte om basisskoallen, om't dy bern net yn oanmerking komme foar in faksinaasje. Dêr giet it noch wat makliker rûn as by grutte faksinearre groepen."

Ferskil tusken basis en fuortset

De GGD kin yn it gefal fan coronabesmettingen advys jaan. Dêr is faak in ûnderskied tusken basis- en middelber ûnderwiis. "As der yn it basisûnderwiis in besmetting is advisearje wy om de nauwe kontakten fan de learling nei hûs te stjoeren. Mar je kinne je foarstelle dat soks by jonge bern faak de hiele klasse is. By it fuortset ûnderwiis kinne de faksinearre mei-learlingen gewoan nei skoalle. Utsein as sy klachten hawwe fansels, dan bliuwe je altyd thús."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Dochs bliuwt it in advys. "De skoalle beslút úteinlik. Dat kin wol dreech wêze, want skoallen meie net freegje wa't der faksinearre is." Guon skoallen kieze der just foar om stranger as de GGD te wêzen. De Graaf: "Dat wie earder ek al wol sa. Der binne noch altyd skoallen dy't earst eltsenien nei hûs stjoere en dêrnei noch sjogge wat de GGD seit. Dat hoecht om ús net."

Hoe losse skoallen it op?

Foar skoallen betsjut it nei hûs stjoeren wol regelwurk, leit Ingrid Janssen út. Sy sit yn it kolleezje fan bestjoer fan ûnderwiisstichting Ambion, dat 25 skoallen yn de omkriten fan It Hearrenfean en De Jouwer hat. "We moeten goed met de ouders communiceren omdat de kinderen thuis weer goed opgevangen moeten worden. Vervolgens hebben wij de verantwoordelijkheid om te kijken om toch zo goed mogelijk het onderwijs door te laten gaan. Wij proberen waar mogelijk digitaal les te geven. Als dat niet kan, proberen we de kinderen een aantal opdrachten mee te geven om aan te werken. Zodat ze geen achterstanden oplopen."

By sike dosint dochs bern nei skoalle

Oarsom kin der ek in learkrêft besmet reitsje. De skoallen fan Ambion besykje dan de bern safolle as mooglik op skoalle op te fangen. "Daar zijn verschillende oplossingen voor, afhankelijk van de grootte en mogelijkheden van een school. Soms kan één leerkracht twee groepen opvangen met behulp van een onderwijsassistent. Soms kan een aantal kinderen over andere klassen verspreidt worden, waarbij we wel moeten oppassen dat we corona niet verder verspreiden."

Ingrid Janssen fan ûnderwiisstichting Ambion

Ien fan de skoallen ûnder Ambion - Foto: Omrop Fryslân

It tekoart oan dosinten makket dat lykwols net makliker. "We zitten ook nog met het Nationaal Programma Onderwijs waarbij we proberen de vertraging die door corona mogelijk is ontstaan in te halen. Maar als er weinig leerkrachten zijn, zijn er ook weinig voor dat NPO. En vervolgens nog minder leerkrachten als er mensen ziek worden. Dus het is schipperen."

It went, mar is wol ekstra wurk

Janssen merkt wol op dat in soad skoallen yntusken wol wat wend binne. "Inmiddels zitten we wel al anderhalf jaar in deze situatie. We hebben standaardbrieven klaar staan, een ouderportaal om makkelijk te communiceren. Maar het is wel extra werk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)