Swimster Liesette Bruinsma pakt opnij sulver yn Tokio

03 sep 2021 - 12:05

Paraswimster Liesette Bruinsma fan Wommels hat freed sulver pakt op de 100 meter frije slach. Yn de paralympyske finale wie allinnich Li Guizhi út Sina rapper.

Liesette Bruinsma op de 100 meter frije slach - Foto: Orange Pictures

Bruinsma swom nei in tiid fan 1.06,55. Dêrmei wie se mear as in sekonde trager as har eigen wrâldrekôr. Yn de finale wie Li in lytse sekonde rapper, sy ferbruts har eigen paralympyske rekôr dat se yn de searjes al delset hie. De Sinese tikke oan nei 1.05,87.

Li lei yn de finale nei 50 meter al in goede heale sekonde foar op Bruinsma. De kopposysje fan swimster út Sina net mear yn gefaar. De striid om it sulver wie wol hiel spannend, mar Bruinsma koe Cai Liwen (Sina) en Anastasia Pagonis (Amearika) krekt foarbliuwe.

Twadde sulver

Earder pakte Bruinsma sulver op de 400 meter frije slach. Yn totaal hat se yn Tokio op fiif ôfstannen meidien. Op trije fan de fiif griep de Wommelse krekt njonken in medalje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)