Direkteur Swimfun De Jouwer oer ûntromming: "Meiwurkers ha goed hannele"

De ûntromming fan swimbad Swimfun op De Jouwer is goed ferrûn troch de help fan helptsjinsten en de hannelswize fan de meiwurkers, seit direkteur Dietha Paauw. It swimbad op De Jouwer is tongersdei ûntromme nei't der reek út de kelder kaam. Trije meiwurkers moasten nei it sikehûs.
Swimfun De Jouwer oer de ûntromming:
It die bliken dat de reek yn it swimbad fan in smeulende motor kaam, wêrtroch ferskate minsken sykhelproblemen hiene. Op it foarfal kamen in protte helptsjinsten ôf.
"Achterôf is it hiel bot tafallen", seit direktrise Dietha Paauw. Neffens har hawwe de helptsjinsten korrekt hannele. Dat jildt ek foar de meiwurkers, seit se. "Us team hat ek hiel goed hannele. Ien fan de meiwurkers seach reek út de masinekeamer kommen, krekt nei achten. Hy is fuort oergien ta ûntromming."

Penetrante geur

It wie net fuortendaliks dúdlik wat de oarsaak fan de reek wie. "De brânwacht hat de hiele jûn oanwêzich west en mjittingen dien", seit Paauw. "Se koene ek neat mjitte, mar it die bliken dat it in stikkene pomp wie." Yn de pomp, dy't soarget foar de bubbels fan it bubbelbad, sitte twa skiven dy't oer inoar hinne draaie. Dy binne fêst draaid, sadat it hiel hjit waard yn de motor. "Dêrby is der reekûntwikkeling ûntstien, dat soarge foar in hiel penetrante geur."
"Dy lucht moast earne wei komme, fandêr dat it noch efkes ûndúdlik wie oft der skealike stoffen frijkaam binne. Dus is alles út de kast helle om elkenien yn feilichheid te bringen."
De skrik siet der aardich yn. Se ha hiel rêstich en goed hannele. No komme de emoasjes los.
Direkteur Dietha Paauw fan Swimfun oer de meiwurkers
De ûntromming hat wol wat dien mei de meiwurkers, seit Paauw. "De skrik siet der aardich yn. Se ha hiel rêstich en goed hannele. No komme de emoasjes los."
It swimbad is dêrom dizze moarn ticht. Paauw: "Sadat elkenien syn ferhaal dwaan kin. We moatte ek skjinmeitsje, fansels. Fannemiddei om healwei ienen giet it bad wer iepen."
Direkteur Dietha Paauw fan Swimfun oer de ûntromming fan it swimbad
Minsken kinne noch de hiele dei en it kommende wykein harren guod ophelje. Dy moasten se tongersdei hiel rap efterlitte by de evakuaasje fan it swimbad. Femke en Emsée wiene oan it follyballen doe't sy ynienen de klaaikeamers út moasten. "It leit der gewoan noch", sizze se.
"We seine: it sil wol tafalle, lit mar lizze, we komme hjir sa wer", fertelle Femke en Esmée. "No, we wiene twa oeren letter pas wer thús." Der leit noch fan alles yn de klaaikeamer. Skuon, stekkers, in kaam. Mar yntusken binne de famkes bekommen fan de skrik. "We wiene der nochter ûnder. Foar ús wie der neat oan de hân."