Rolstoeltennisser Tom Egberink út Snits pakt brûns yn dûbeldspul

03 sep 2021 - 10:18

Rolstoeltennisser Tom Egberink út Snits hat mei Maikel Scheffer brûns wûn yn it dûbeldspul op de Paralympyske Spelen. Yn Tokio wûnen se fan de thúsfavoriten Shingo Kunieda en Takashi Sanada: 6-3, 6-2.

Sjoch hoe't Egberink en Scheffer it brûns pakke:

Kunieda pakte mei Satoshi Saida goud yn 2004 en brûns yn 2008 en 2016. Mei Sanada pakte er in 3-1 foarsprong op Egberink en Scheffers, mar de Nederlanners wûnen dêrnei sân games op rige. De foarsprong kaam net mear yn gefaar.

It brûns fan Egberink en Scheffers is de earste Nederlânske medalje yn it manljusdûbeldspul sûnt it goud fan Ricky Molier en Robin Amerlaan yn 2000.

Links Maikel Scheffers en rjochts Tom Egberink - Foto: Orange Pictures

It is de earste fan twa medaljes dy't Egberink op dizze Spelen pakt. Sneon stiet er ek yn de finale fan it inkeldspul. Dan moat er opnij tsjin Kunieda. De Japanner is dan de grutte favoryt, hy is as earste pleatst. Egberink is de nûmer acht fan de wrâld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)