Unike 18e-iuwske beker nei it Fries Museum: "Wy hiene der sigaren yn"

03 sep 2021 - 10:14

It Fries Museum yn Ljouwert hat in bysûndere beker yn hannen krigen. It 240 jier âlde goudwurk is sa'n 150.000 euro wurdich: it is ien fan de twa bekers fan dit type dy't bekend binne yn Nederlân.

De beker waard yn 1781 slein foar it 50-jierrich houlik tusken Bernardus Dorhout (1703-1789) en Neltsje Mercator (1713-1789), leden fan in rike Ljouwerter famylje. Sokke bekers waarden faker makke, maar binne letter allegearre wer omraand.

Hast like unyk as de beker is it oankeapbewiis: it komt hast net foar dat soks sa lang bewarre bleau. De wearde is dan ek ferlykber mei dy fan de beker sels.

Sigarebeker

Jierren stie de beker yn de kast by de famylje Dorhout. Fan de grutte wearde wisten se lang neat. "Mijn vader ging er niet altijd zorgvuldig mee om", sa fertelt Pieter Dorhout.

"Soms zaten er sigaren in. We hadden niet door dat de antiquarische waarde honderd keer meer is dan de goudwaarde."

"Ben je nou helemaal gek geworden"

Pas doe't syn heit nei de rotary gie, mei de beker yn 'e bûse, kamen se dêr efter. "Ben je nou helemaal gek geworden man?", spruts in antikêr dy't hy dêr tsjinkaam him ta.

Nei't de beker jierren yn klûzen stien hat, wurdt it no yn brûklien jûn oan it Fries Museum. "Ik ben toch wel erg gerustgesteld hoe zorgvuldig men hier met de beker omgaan", sa seit Pieter Dorhout.

Foto: LEO Middelsé, Douwe Talma

Hy is optein dat de takomst fan de beker no wis is. "Er is geen risico dat nazaten op een goed moment zeggen: we gaan hem verpatsen. Die gedachte beviel mij niet."

Permanint plak

De gouden beker is sa bysûnder dat it in permanint plak krijt yn de útstalling oer de Fryske skiednis.

LEO Middelsé stjoert op freed 10 septimber 'Het graf, de familie & de beker' út - in dokumintêre oer de rike en somtiden makabere skiednis fan de famylje Dorhout.

Trefwurden: 
Fries Museum gouden beker
(Advertinsje)
(Advertinsje)