Tristan Bangma en Patrick Bos fytse nei sulver yn de wedstriid op de dyk

03 sep 2021 - 10:16

Hurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek hat mei syn piloat Patrick Bos sulver helle yn de wedstriid op de dyk, op de Paralympyske Spelen yn Tokio. It goud gie nei Vincent ter Schure en Timo Fransen, dêrmei wie Nederlân oppermachtich op de wei.

Bangma en Bos yn in eardere race - Foto: ANP

Bangma helle it twadde plak op 5 minuten en 48 sekonden nei Ter Schure. Dy wie net mear yn te heljen, mar it slagge Bangma en Bos wol om wei te riden fan de oare hurdfytsers.

It tredde plak gie nei Alexandre Lloveras fan Frankryk, op krekt wat mear as 7 minuten.

It kommentaar by de oerwinning fan Bangma en Bos

De weiwedstriid waard ferriden ûnder minne waarsomstannichheden, de dyk wie wiet en it wie flink dizich. Dêrtroch moasten de hurdfytsers hiel alert bliuwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)