Iepenloftspul Jorwert koe foar #freonen los mei dûbeld safolle besikers

03 sep 2021 - 07:30

Troch de hiele provinsje geane de iepenloftspullen wer los. Sa ek yn Jorwert, dêr't tongersdeitejûn de premjêre wie fan it stik #freonen. Troch de coronakrisis wie it lang ûndúdlik oft de foarstellingen wol trochgean koene, mar úteinlik is it stik foar in folle 'arena' opfierd.

Iepenloftspul Jorwert

"It is in bysûnder jier", fettet saaklik lieder Nynke Eerligh gear. "Fanwegen de maatregelen wisten wy hiel lang net oft it trochgean koe. Wy woenen dat fansels hiel graach, dus wy binne wol losgien." Pas begin augustus wie it iepenloftspul der wis fan dat it troch mocht.

Terrein

"Je moatte yn in soarte bubbel wurkje, al meie je it eins net sa neame", seit Eerligh. "It eveneminteterrein mei kafee en tún is folslein mei stekken ôfsletten, sa't it allinne tagonklik is foar it publyk mei in kaartsje en in corona-tagongsbewiis."

Folle kapasiteit

"We giene yn earste ynstânsje út fan ûngefear de helte fan de kapasiteit, mar no meie wy goed 400 minsken op de tribune ha. Dat komt it stik gewoan te'n goede", fertelt Eerligh.

Troch it brûken fan in coronatagongsbewiis kin it iepenloftspul foar folle kapasiteit spylje. Dêrtroch binne der noch kaarten beskikber foar meardere foarstellingen yn de 'smûke arena' yn Jorwert. "Mar it giet echt hurd, dus as je derhinne wolle, soe ik gau bestelle", seit Eerligh.

Harkje hjir nei regisseur Tjerk Kooistra en de besikers fan Iepenloftspul Jorwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)