Froulju SC Hearrenfean mikke mei 'Amerikaanse atleet' op top 4

03 sep 2021 - 06:59

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean mikke foar dit earedifyzjeseizoen op in plak yn de top fjouwer. "Al word ik liever één na laatste en win ik de beker", seit coach Roeland ten Berge. Freedtejûn begjint harren seizoen.

Foto: Fuotbalfroulju SC Hearrenfean

De tsjinstanner fan freedtejûn, Feyenoord, is nij yn de earedifyzje. Dêrtroch sitte der no njoggen klups yn. Troch it ûneven oantal, is der alle wiken ien klup dy't net yn aksje komt. Ferline wike wiene dat de Feanster froulju yn de earste spylronde.

Hearrenfean is ambysjeus. "We moeten rond plek vier kunnen spelen, als we iedereen fit kunnen houden", tinkt Roeland ten Berge. Al hopet de trainer fan de Feanfroulju ek meidwaan te kinnen om prizen as de beker en de Eredivisie Cup.

Opliedingsynstitút

Boppedat is it foar de klup ek wichtich om spylsters better te meitsjen, fynt Ten Berge. "Doel is dat de speelsters zich verder ontwikkelen en we goed voetbal spelen." Mar dat hat ek in oare kant: "De topclubs halen onze beste spelers hier altijd weg. Het is een mooi compliment als je ziet hoeveel spelers van ons er naar de top drie zijn gegaan."

Finansjeel bliuwt it striden

It giet by de stifting fan de Feanster fuotbalfroulju ek altyd oer jild. It bliuwt lestich om de holle boppe wetter te hâlden, trochdat it in aparte stifting is dy't los fan de manlju stiet. "Het is van maand tot maand doorbuffelen", seit foarsitter Jessica Roosenburg.

"Dit jaar kunnen we voldoen aan de financiële verplichtingen." Dat komt mei troch de 'cashtafette' dy't de fuotbalfroulju foar de simmer organisearren. Dêrmei waard hast 65.000 euro ophelle.

Iedereen is best wel positief over het vrouwenvoetbal, maar dat zien we niet terug in bedrijven die ons willen sponsoren.

Foarsitter Jessica Roosenburg

It bestjoer is no dwaande om derfoar te soargjen dat it yn de earste moannen fan it nije jier ek alles betelje kin. Dêryn kinne bedriuwen mear stypje, fynt Roosenburg. "Ik blijf me erover verbazen dat het vrouwenvoetbal door het bedrijfsleven in Heerenveen nauwelijks omarmd wordt. Iedereen is best wel positief over het vrouwenvoetbal, maar dat zien we niet terug in bedrijven die ons willen sponsoren."

Roosenburg hat wol in oplossing om de jildpine definityf nei de eftergrûn ferdwine te litten. "Integratie met een betaaldvoetbalorganisatie is noodzakelijk." De foarsitter hopet ek dat de KNVB oan de slach giet mei opliedingsfergoedings foar spylsters dy't fuortgeane.

No krige Hearrenfean bygelyks gjin jild foar de oerstap fan Tiny Hoekstra nei Ajax, wylst se wol har hiele karriêre foar de Feanfroulju spile.

Bûtenlânske spylsters nei Hearrenfean

Om de seleksje op in bepaald nivo te hâlden, sjocht SC Hearrenfean nei bûtenlânske spylsters. Dêrfan sieten der mei Samantha Dewey (Feriene Steaten) en Francisca Cardoso (Portugal) al twa yn de seleksje. Dêr is dizze simmer mei Kristen McFarland noch ien by kaam.

"De buitenlanders maken het team echt sterker", fynt Ten Berge. "McFarland is echt een Amerikaanse atleet. Ze heeft op het hoogste niveau gespeeld in de 'college competition' daar. Ze heeft veel ervaring in goede wedstrijden spelen. Ze is een heel erg sterke, balvaste spits."

Oft McFarland freedtejûn meidwaan kin, is noch net hielendal wis. Se foel tongersdei út op de training mei in blessuere.

Oanfierster swier blessearre

Dy oare spits, Cardoso, is oan it opknappen fan in krúsbânblessuere. Ten Berge ferwachtet dat se gau wer oanslute kin by de groep. "Dat ziet er goed uit allemaal. Zij staat op de drempel van dat ze het trainingsveld weer op kan."

De sikeboech is fierder net hielendal leech. Sa hat oanfierster Danique van Ginkel ek in krúsbânblessuere en is Dewey noch net hielendal fit.

Foto: Orange Pictures

Nije kompetysje-opset

Mei yngong fan dit seizoen spylje de earedifyzjeploegen trije kear tsjininoar. De ôfrûne jierren wie it noch sa dat klups inoar twa kear moeten en der dan in skieding kaam yn in A-pûl en in B-pûl. Yn de A-pûl striden fjouwer klups om it lânskampioenskip en yn de B-pûl spilen fjouwer teams eins nearne mear foar.

Dit jier binne der ek perioadetitels te fertsjinjen. De winners dêrfan spylje úteinlik om in oare priis, de Eredivisie Cup. Hearrenfean-coach Roeland ten Berge die foarich seizoen al in oprop om de kompetysje te feroarjen.

Hy siet ek yn in wurkgroep fan de KNVB om de opset tsjin it ljocht te hâlden. Dêr is dus no gehoar oan jûn. "Daar ben ik heel blij mee. Die harde splitsing tussen beide poules wilde ik eruit hebben", seit Ten Berge.

De top fjouwer helje, dat is it doel fan SC Hearrenfean. Dêrmei helpt it as der tsjin Feyenoord fuortendaliks in oerwinning helle wurdt. Dat moat kinne, tinkt Ten Berge. "We moeten ze niet te veel lucht geven en het tempo hoog houden. Ik denk dat ze moeten wennen om als team te spelen op eredivisieniveau. Ze hebben best een aardig team, maar hopelijk zijn wij al een stukje verder."

Oersjoch fan de transfers by SC Hearrenfean

NIJE SPILERS (DE KLUP DÊR'T SE WEI KOMT) SPILERS DY'T FUORTGIEN BINNE (DE KLUP DÊR'T SE HINNE GIEN IS)
Kristen McFarland (Florida State University) Tiny Hoekstra (Ajax)
Dana Foederer (PSV) Jamie Altelaar (Ajax)
Merel Bormans (Standard Luik) Kirsten van de Westeringh (ADO Den Haag)
Claire Dinkla (Ajax) Wiëlle Douma (ADO Den Haag)
Chimera Ripa (VV Alkmaar) Williënne ter Beek (opholden)
(Advertinsje)
(Advertinsje)