Smeulende motor blykt oarsaak reek yn Swimfun De Jouwer

It swimbad Swimfun op De Jouwer is tongersdei ûntromme nei't der reek út de kelder wei kaam. Ferskate minsken hiene sykhelproblemen. Yn 't earstoan waard der tocht oan it frijkommen fan in gefaarlike stof, mar út ûndersyk die bliken dat it om in smeulende motor gie. Trije meiwurkers moasten nei it sikehûs.
Der wie wat sprake fan panyk, seit de brânwacht:
In protte brânwachtploegen ha oeren dwaande west om út te sykjen wat der krekt oan de hân wie en hoe gefaarlik oft it krekt wie. Mooglik gie it om in steuring yn it saneamde sâltelektrosysteem, sa tocht men earst.
De brânwacht hat ferskate mjittingen dien, mar gjin gefaarlike stoffen fûn. Uteinlik die bliken dat it om de motor fan de blower fan it bubbelbad gie, dy wie fêstrûn.
It wie in hiele konsternaasje by it swimbad tongersdeitejûn © CAMJO media
Om middernacht hinne koe it kompleks wer frijjûn wurde troch de brânwacht. In monteur is dêrnei fierder gien mei de masinen.

Skrik en panyk

Alle gasten fan it swimbad en de byhearrende sporthal wiene al frij gau bûten. In meiwurker konstatearre reek yn de masinekeamer, dêrnei waard it swimbad ûntromme. It gie om sa'n 50 minsken. Sy stienen dêr yn de swim- of sportklean en binne waarm holden mei isolaasjetekkens. De besikers wiene bot skrokken en guon rekken yn panyk.

Trije meiwurkers wer út sikehûs wei

Acht badgasten en fjouwer plysjeminsken krigen problemen mei it sykheljen. De brânwacht melde yn earste ynstânsje dat sy allegear nei it sikehûs moasten. Letter waard dúdlik dat trije meiwurkers nei it sikehûs brocht binne. Neffens in ferklearring fan Swimfun binne dizze minsken yntusken wer út it sikehûs wei.
It swimbad en de sporthal binne ûntromme © CAMJO media / Jaring Rispens
De tweintich oant tritich badgasten en sporters binne letter opfongen yn in lokaasje fan de gemeente. Dêr binne se registrearre en dêrnei koenen se nei hûs. Wat se noch yn it gebou lizzen ha, koene se foarearst net meinimme.
It swimbad is freed wer iepen, lit Swimfun witte.