Heech ballonkeunstwurk komt op Jouster rotonde

02 sep 2021 - 18:32

In stielen ballon fan acht meter heech moat de werkenberheid fan it knooppunt by De Jouwer fergrutsje. It ûntwerp komt fan byldzjend keunstner Siska Tol fan De Lemmer. It is de earste kear dat de keunstner sa'n grut objekt ûntwurpen hat.

De Jouwer krijt in ballonkeunstwurk

Gewoanwei makket Tol skilderijen en grafyske keunst. Doe't se hearde dat gemeente De Fryske Marren socht nei in ûntwerp foar in nije 'blikvanger', waard se entûsjast. Wêr't it keunstwurk krekt komme soe, wie noch net bekend. Wol wist se fuort dat se ferskate Fryske eleminten weromkomme litte woe.

"Het Friese water wordt weergegeven, de ballonnen van Joure van het ballonfestijn, de Friese paarden en de grutto's. Die heb ik allemaal verenigd in een landmark dat bij Joure komt te staan", fertelt Tol.

Foto: Siska Tol

Neffens wethâlder Irona Groeneveld fan De Fryske Marren is it de keunstner goed slagge om in byld te meitsjen dat automobilisten net bot ôfliede sil. As it oan de keunstner lein hie, koe it byld noch wol wat grutter. Yn it orizjinele ûntwerp wie it 25 meter heech.

"Mijn originele ontwerp had ik zo groot gemaakt als een echte, daadwerkelijke luchtballon. Als kunstenaar moet je groot denken, maar dat is hier natuurlijk niet haalbaar. Dus dat is het niet geworden", laket Tol.

As alles neffens planning giet, stiet it keunstwurk takom jier op it plak fan de âlde rotonde. Nei it oanfreegjen fan de omjouwingsfergunning krije omwenners seis wike lang de kâns om eventueel beswier yn te tsjinjen.

Byldzjend keunstner Siska Tol

(Advertinsje)
(Advertinsje)