VR-brillen moatte minsken fan medikaasjeferslaving ôf helpe

Verslavingszorg Noord Nederland set tenei Virtual Realitybrillen yn by pasjinten dy't fanwegen pine ferslaafd rekke binne oan bepaalde soarten medikaasje. Neffens de ferslavingssoarch krije hûnderttûzenen minsken pynstillers foarskreaun en kinne in soad fan har dêr nei in skoftsje net mear sûnder.
In VR-bril moat minsken fan medikaasjeferslaving ôf helpe © Shutterstock / DENIS ESAULOV 1987
By de behanneling mei in VR-bril wurdt de pasjint meinaam yn in 3D-wrâld, dy't liedt troch de senuwbanen, de rêch en de harsens. De pasjint krijt yn de behannelingen by VNN útlis oer wat pine is en hoe't pine wurket. De bril helpt by it bestriden fan groanyske pine sadat de pasjint hjir tenei mei libje kin.
By groanyske pine fertelt it lichem fan de pasjint dat der pine is, nettsjinsteande dat der gjin direkte skea is. Dochs fielt it foar de pasjint wol sa. De VR-bril moat dan helpe mei it bestriden fan de groanyske pine. Dizze nije behannelwize soarget der lykwols net foar dat de pasjint hielendal neat mear fielt.
Nei in proef fan inkele moannen yn de polyklinyk yn Ljouwert, sil de VR-bril ek brûkt wurde op oare VNN-lokaasjes, lykas yn de polykliniken yn Emmen en Snits.