SC Cambuur wint yn besletten oefenwedstriid fan wikselspilers FC Groningen

SC Cambuur hat de wikselspilers fan FC Groningen yn in besletten oefenwedstriid mei 3-0 ferslein. De goals op Sportpark Corpus den Hoorn, it trainingskompleks fan de Grinslanners, waarden makke troch Michael Breij, Robin Maulun en in eigen doelpunt.
© Jan Westman
De Ljouwerters spilen sûnder de spilers dy't ynternasjonale ferplichtingen hawwe, sa as Tamás Kiss, Filip Krastev, Jhondly van der Meer en nije spits Robert Uldiriks. Ek oanwinst Maxim Gullit wie der net by, yn ferbân mei in lytse blessuere.
Al nei fjouwer minuten iepene Michael Breij de skoare út in pass fan Mitchel Paulissen. Noch binnen it healoere waard it 2-0 troch in eigen doelpunt fan ien fan de spilers fan FC Groningen.
Djip yn de twadde helte bepaalde Robin Maulun de einstân op 3-0 troch in lange bal fan Calvin Mac-Intosch ta doelpunt te promovearjen. Yn de twadde helte wiksele trainer Henk de Jong in oantal kearen, sadat ek jeugdspilers as Sil Bos, Stefan Deuling en Roy van Mameren in kâns krigen.