Bosk fol houten bisten yn Aldemardum: bern leare yn natuerlike omjouwing

02 sep 2021 - 16:33

In foks, hazze en iikhoarntsje: de bosk Elfbergen by Aldemardum stiet der fol mei. It binne gjin echte bisten, mar bylden fan hout. By elts byld heart in opdracht dy't bern mear leart oer de bisten dy't yn de bosk wenje.

Nije boskbistepaad yn Aldemardum

Der stiene earder al bylden yn it Elfbergen-bosk, mar dy wiene fergien. In fris paad mei nije bylden en opdrachten moat der foar soargje dat bern entûsjast de bistewrâld belibje kinne, seit boskwachter Marjan Kommer. "Als je dat in de natuurlijke omgeving van de dieren doet dan onthouden ze dat beter. Ze maken iets mee in de beleving van de dierenwereld, waar ze ook echt leven."

Dan gean ik foar dy stam stean en dan dream ik seagjende wei 'dat moat dêr en dat moat dêr' en dan groeit sa'n byld.

Jan Stoelwinder, houtkeunstner

Houtkeunstner Jan Stoelwinder alias Banzai John hat de bylden makke. "Dan gean ik foar dy stam stean en dan dream ik seagjende wei, 'dat moat dêr en dat moat dêr' en dan groeit sa'n byld", sa leit Stoelwinder syn wurkwize út.

Boskwachter Marjan Kommer stiet neist in iikhoarntsje - Foto: Omrop Fryslân

Om't de bisten foaral bern oansprekke moatte, hat Stoelwinder oeral in knypeachje yn ferwurke. Sa hat de hazze in rêchsekje, om't de measte bern sa ek nei skoalle ta gean, en hat de boskwachter in fûgeltsje yn it hier.

De hichte fan de bylden binne basearre op de grutte fan de bern, seit Stoelwinder: "Se sjogge in byld rjocht yn de eagen, dat is de bedoeling".

Houtkeunstner Jan Stoelwinder leit út hoe't hy de bylden makke hat

Houtkeunster Jan Stoelwinder op in houten byld - Foto: Omrop Fryslân

It boskbistepaad is in gearwurking tusken Mar en Klif en Staatsbosbeheer. De bern fan groep 5 fan basisskoalle De Walikker sille it paad freed offisjeel iepenje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)