Demisjonêr minister praat op Skier oer gaswinning en stroomkabel

Demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken is tongersdei op wurkbesite op Skiermûntseach. Hy praat mei bewenners oer plannen foar gaswinning en de oanlis fan in stroomkabel ûnder it eilân troch. De ynwenners en natuerorganisaasjes binne hjir net allegearre foarstanner fan.
Wurkbesite minister Blok oan Skiermûntseach
Troch de wurkbesite fan de minister hoopje de natuerorganisaasjes dat hy sjen sil hoe wichtich de natuer is foar de bewenners en toeristen fan it eilân, seit ferslachjouwer Auke Zeldenrust. Earder op de dei wie de demisjonêr minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat yn petear mei ferskate organisaasjes.
Thom Verheul is fan Beweging Horizon Schiermonnikoog en ek hy wie by it petear. It gie oer de gaswinning en oer de kar om twa heechspanningskabels dwers oer Skiermûntseach rinne te litten. "We hebben hem erop gewezen dat het heel slecht gaat uitpakken, ook voor het toeristisch product en de natuur", seit Verheul.

Opnij nei de saken sjen

Neffens Verheul kaam de demisjonêr minister mei de reaksje dat it ministearje opnij nei dizze saken oan it sjen is, en dat it "fantastisch zou zijn als uit die nieuwe afweging zou komen dat we het tracé door Schiermonnikoog niet nodig hebben, maar dat we het bestaande tracé naar Eemshaven kunnen gebruiken."
Dat is miskien in lyts bytsje hoopfol, mar de ynwenners, wêrûnder de boargemaster, roppen yn it petear ek op om net alle kearen by in oanfraach fan in oaljemaatskippij alles yn it natuergebiet om te goaien. "Zoek nou eens uit: wat willen we met het gebied, hoe gaan we de energievoorziening tot 2050, 2060 regelen", seit Verheul. "Ga dat nou eens in een breed kader bekijken."
"Als tegenvraag vroeg hij: hoe zien jullie de energievoorziening? Toen hebben we wel uitgelegd waar we hier allemaal mee bezig zijn."

'Onrechtmatige daad'

Demisjonêr minister Stef Blok liet yn it petear mei de ynwenners boppedat witte dat er net wit hoelang hy dizze funksje noch hawwe sil. "Ik heb gewezen dat als hij een vergunning geeft aan ONE-Dyas, dat hij mogelijk medeplichtig is aan het plegen van een onrechtmatige daad."
Nei ôfrin hat Verheul oan him in rapport jûn fan de Feriene Naasjes. Dêr stiet yn dat Nederlân hiel min soarget foar syn wrâlderfgoed. Verheul: "Toen zei hij: 'dankjewel, dan heb ik nog wat te lezen in de gevangenis'."
Natuurmonumenten en de Waadferiening lûke no tegearre op om it natuergebiet mear te beskermjen. "It Waadgebiet is foar fûgels sa wichtich, elk jier komme fûgels hjir wer werom. Se brûke it waadgebiet sis mar as kafetaria, foar it opfetsjen en om troch te fleanen. It is it grutste natuergebiet fan Nederlân", seit Arjen Kok fan Natuurmonumenten.
De oanlis fan de stroomkabels yn it gebiet hat dan ek grutte gefolgen. "Dat is it ministearje no oan it útsykjen. Se komme allegearre tûkelteammen tsjin: geulen dêr't se no ûndertroch moatte, it Waadgebiet mei seegers-fjilden, mei mokselbanken." Kok tinkt dat it út eachpunt fan de wetjouwing net kin. "De kâns is grut dat it ek bleat spielt, dan moatst der wer hinne."

Alternatyf troch de Eems

"It is ek net iens sein dat it by dizze kabels bliuwt, dus wy binne hjir poer op tsjin." Neffens Kok is it alternatyf troch de Eems in better plan. "We moatte mear eastlik oan de râne fan it Waad bliuwe. En miskien moatte we besteande kabels mar ris opgrave, en dêr in dikke kabel foar dellizze, en dêr de nije parken en besteande parken op oanslute", seit Kok.
Ik hoopje dat er fielt: yn dit soarte natuer moatte wy net dit soarte aktiviteiten dwaan.
Arjen Kok fan Natuurmonumenten oer de wurkbesite fan demisjonêr minister Stef Blok
"Dat is folle djoerder, dat begryp ik wol, mar dêrmei kinne jo de natuer fan ús grutste natuergebiet - mei wrâlderfgoed status - ûntsjen."
De demisjonêr minister Blok en Arjen Kok fan Natuurmonumenten binne ek nei natuergebiet De Balg. Arjen Kok: "Ik hoopje dat er fielt: yn dit soarte natuer moatte wy net dit soarte aktiviteiten dwaan."
Auke Zeldenrust oer de besite fan demisjonêr minister Blok oan Skiermûntseach
"Ik hoop dat bij hem het gevoel is binnengekomen wat eigenlijk die plannen betekenen voor het schitterende natuurgebied van Schiermonnikoog", seit boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach oer de besite en tasizzing fan Blok. "Het is de ongerepte oostpunt die nog wordt aangetast."
Neffens har is net ien tsjin de wynmûneparken, mar moat alles wol yn ien kear goed regele wurde. "En daar hebben wij wel grote zorgen over, hoe de plannen er nu voorliggen."
It sinjaal fan Skiermûntseach is dúdlik, seit Van Gent. "Doe het niet, bezint eer gij begint. Zowel met de gasboringen, als ook met die kabelaanlanding zoals die nu gepland is bij Schiermonnikoog."
Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach