Mear omtinken selsdeading nedich; deadsoarsaak nûmer 1 by jongerein

02 sep 2021 - 12:51

Der is noch folle mear nedich om selsdeading foar te kommen, foaral by jongeren. Dat seit psychiater Agnes de Groot. Dêrom starte meikoarten in kursus en in projekt by de ggz. Yn de nije telefyzjesearje Fan Binnenút giet de earste ôflevering oer selsdeading.

Mear omtinken foar selsdeading nedich

Yn dy ôflevering fertelt Isabelle har ferhaal. Oer hoe tsjuster oft har gedachten wiene. Se fielde har minderweardich en rekke oertsjûge fan it idee dat har neisten better ôf wêze soene sûnder har. Se kin it neifertelle oan de keukentafel oan programmamakker Miranda Werkman. Om't se op 'e tiid nei de húsdokter stapte en help frege.

Yn deselde ôflevering fertelt psychiater Agnes de Groot ek hoe belangryk oft it is om deroer te praten. En dan ek doare te freegjen oft ien tinkt om der sels in ein oan te meitsjen. Minder as de helte fan minsken lykas Isabelle komt by de ggz terjochte.

Besprekber meitsje

Under jongeren is selsdeading deadsoarsaak nûmer ien. Sûnt 2015 is in grutte taname te sjen yn dizze groep. Psychiater De Groot seit dat der in spesjaal projekt komt om it ûnderwerp mear besprekber te meitsjen by de jongeren en se te helpen om oer har gefoelens te praten.

Meikoarten set in kursus foar neisten út ein, dêr't se yn leare kinne wat jo wol en net dwaan kinne. Ek leare se om goed foar harsels te soargjen. En foaral besprekber te meitsjen watfoar soargen oft se harren meitsje oer harren neiste.

Foto: Omrop Fryslân

De earste ôflevering fan Fan Binnenút is te sjen op moandei 6 septimber. By it programma heart ek in podcastrige.

Help nedich? Belje 0900 - 0113 of chat online op www.113.nl (24 oeren / 7 dagen yn de wike)

(Advertinsje)
(Advertinsje)