Bloeddonaasjes no ek tastien foar homoseksuele manlju mei fêste partner

Homo- en biseksuele manlju mei in fêste partner meie sûnt woansdei bloeddonor wêze. Jierrenlang mochten se dat net, letter allinne ûnder de betingst dat se fjouwer moanne - earst tolve moanne - net seksueel aktyf west hiene. It COC hat him jierrenlang ynset foar dizze wiziging fan it belied.
© Shutterstock.com (Lumen Photos)
It is in stap yn de goede rjochting, mar se binne der noch net, seit Sebastiaan Velda-Seerden fan it COC yn Fryslân. "Eigenlijk zou je gewoon geen onderscheid moeten maken", seit Velda-Seerden. "Als ik bloed wil doneren moet ik nog steeds aangeven of ik hetero- of homoseksueel ben, en of ik een vaste relatie heb of niet."
Hy ljochtet ta: "Als je het vergelijkt met donororganen leveren, dan maakt het eigenlijk helemaal niet uit wat voor geaardheid je hebt, en dan kijken ze gewoon of je gezonde organen hebt of niet. Ik denk dat het met bloed net zo zou kunnen."
Ik denk dat we moeten blijven manifesteren tegen dit soort dingen.
Sebastiaan Velda-Seerden fan COC
Velda-Seerden: "Ik denk dat we moeten blijven manifesteren tegen dit soort dingen, en door moeten blijven gaan, vanuit COC, de politiek en vanuit de maatschappij: dat de regelgeving anders moet, totdat het klaar is."

In diel hinget de flagge út

In diel fan de homo- en biseksuele manlju sil dochs bliid wêze dat se no bloed donearje kinne, seit Velda-Seerden. "Ik denk dat een deel ook uit principe de vlag uithangt, omdat we toch weer iets meer gelijk zijn aan de rest."
Neffens Velda-Seerden is Sanquin wol dwaande mei de folgjende stap, om te sjen oft se net allinnich manlju mei in fêste relaasje, mar ek oare homoseksuele manlju bloed jaan litte kinne. "Daar zitten blijkbaar haken en ogen aan, dat zijn ze nog aan het uitzoeken."
Harkje hjir nei it petear mei Sebastiaan Velda-Seerden fan COC