Q&A: "Op elk Frysk kampioenskip fierljeppen binne der ferrassingen"

04 sep 2021 - 12:50

It Frysk kampioenskip (FK) fierljeppen is sneon 4 septimber yn Winsum. Omrop Fryslân is fansels by de belangrykste Fryske fierljepwedstriid fan it jier. Folgje it op radio, telefyzje en online fan 13.30 oere ôf.

Sportferslachjouwer Freark Wijma fertelt alfêst wat we ferwachtsje kinne:

Foto: Martin de Jong / Omrop Fryslân

Wat makket it FK sa bysûnder?

"It is foar de measte Fryske ljeppers de wichtichste wedstriid fan it jier. Elkenien dreamt fan in Sulveren Pols, of in Glêzen Ljepster.

Fiif ljeppers springe yn in Fryske trui. Dat betsjut dat dy ljepper klassemintswinner is yn syn kategory, sis mar sa't Ajax lânskampioen is by it fuotbaljen. Op it FK begjint elk wer op nul, dus op papier kinst wol de bêste fan it seizoen wêze, mar moatst it op dy dei noch wol sjen litte. En dat spanningsfjild makket it FK no krekt sa moai. Dat jout it FK in ekstra diminsje.

Der binne altyd ferrassingen. Sa hat titelferdigener Rutger Piersma ferline seizoen mar ien kear in wedstriid wûn. Tafallich wie dat it FK. Hy sprong krekt oer de 20 meter en net ien kaam dêr mear oerhinne.

Om ta sokke topsprongen boppe de 21 meter te kommen, moatte de ljeppers hieltyd mear risiko nimme. Se weagje mear, sykje de grins op en dy wurdt ek alle kearen ferlein. De kâns dat it misgiet, is dêrtroch grutter en dêrom sjochst ek faker wietsprongen."

Wisse Broekstra - Foto: Martin de Jong

Wa moatte we yn de gaten hâlde op it FK?

"Hanneke Westert is by de famkes echt in kânshawwer foar de Glêzen Ljepster. It soe samar kinne dat sy as famke de froulju ferslacht. Mar gewoanwei binne Marrit van der Wal en Tessa Kramer de grutte kânshawwers foar de wikselpriis. It is mar krekt wa't dy dei it fierste springt.

By de junioaren is Wisse Broekstra ien om yn de gaten te hâlden. Hy wie ferline jier Frysk kampioen by de jonges. Hy hat it Nederlânsk jongesrekôr op 20,72 meter set. It soe samar kinne dat de senioaren net oer syn ôfstân komme. Oane Galama is lykwols de man yn foarm, de konkurrinsje komt fan Sytse Bokma en Nard Brandsma. Ysbrand Galama is de gefaarlikste outsider."

Jorrit Bouwstra - Foto: Martin de Jong

It is gjin sport foar 'gevulde koeken' sis mar.

Freark Wijma

Is fierljeppen dreech om te dwaan?

"It liket hiel simpel, mar foar de sporter komt der hiel wat by sjen. Der kin in soad misgean ûnderweis yn dy acht sekonden tusken oanrin en útsprong.

It is in hiel fysike sport. By de oanrin fan 30 meter moatst as in sprinter fol gas jaan, dan klimst yn de pols mei maksimale krêftynspanning wylst sa'n alve meter boppe it wetter hingest en oan de oare kant donderest mei in grutte klap yn it sânbêd. Ik kin dy fertelle, dat fielst wol yn de bealch, hear. Ast dan fiif sprongen dien hast, bist stikken. It is gjin sport foar 'gevulde koeken' sis mar.

Moatst linich wêze, sterk en fluch, de koördinaasje en technyk hawwe om de pols rjocht oan de oare kant te krijen. It soe sa in atletyknûmer wêze kinne. Dat sizze bûtenlânske kommentatoaren ek gauris. Se sitte der mei iepen mûle nei te sjen en fernuverje har deroer dat de ljeppers har de fuotten net brekke.

Eins is it in sirkusnûmer, mar se sjogge der fol bewûndering en respekt nei. It kin in olympysk ûnderdiel wurde, mar dan moat de rest fan de wrâld it ek oppikke."

Wat feiten:

  • In pols (earder fan hout, doe aluminium en no fan karbon) hat in maksimale lingte fan 11,5 meter en der mei noch in top op fan maksimaal 1,75 meter
  • It Frysk rekôr stiet op namme fan Nard Brandsma mei 21,68 meter
  • It Nederlânsk rekôr stiet op namme fan Jaco de Groot mei 22,21 meter
  • De winner by de manlju krijt de Sulveren Pols
  • De winner by de froulju krijt de Glêzen Ljepster
Oane Galama - Foto: Martin de Jong
(Advertinsje)
(Advertinsje)