Noch gjin beslút oer nije riedseal Noardeast fanwege 'geheime ynformaasje'

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân nimt noch gjin beslút oer de nijbou fan de riedseal yn it sintrum fan Dokkum. Reden is geheime ynformaasje fan Gemeentebelangen, dy't fan belang is foar de beslútfoarming.
In ûntwerp foar it nije gebou © Adema Architecten
By it begjin fan de riedsgearkomste, kaam Pieter Braaksma fan Gemeentebelangen mei in kryptyske meidieling. "Ik ha mear ynformaasje, dy't ik ynkoarten mei de ried diele wol. It giet oer de parochy, it giet om gegevens dy't hjir net yn de iepenbierheid kinne. Want dan stiet it moarn yn de krante."

11,2 miljoen euro

"De ynwenners fan ús gemeente moatte it betelje en wy moatte der goed oer beslute kinne", sei Braaksma. As it riedsfoarstel dat der leit oannaam wurdt, dan kostet de nijbou fan de riedseal 11,2 miljoen euro.
Alle partijen yn de gemeenteried wienen it mei Braaksma iens en dêrom waard it beslút útsteld. Nei alle gedachten komt it oer fjouwer wiken wer op tafel.
Boargemaster Johannes Kramer baalt fan de fertraging: "Nei klankboerdgroepen en tich petearen no noch gjin beslút. Dat is oan de ried en dat respektearje ik, mar ik fyn it bûtengewoan spitich."
Pieter Braaksma

'Dantumadiel wol net mear gearwurkje'

Braaksma wie net de iennige dy't it beslút fan de aginda helje woe: Johan Talsma fan de BVNL Noardeast-Fryslân hie noch in reden. Neffens him wol Dantumadiel ophâlde mei de amtlike gearwurking dy't se hawwe mei Noardeast-Fryslân. "Dus ik fyn dat wy as ried no gjin beslút nimme moatte oer plakken foar amtners of in nije riedseal, wylst we noch net wis binne dat we fierder gean mei Dantumadiel."
Boargemaster Kramer seit dat in eventueel beslút fan Dantumadiel net fan ynfloed hoecht te wêzen op it beslút. "Yn it foarstel hâlde we rekken mei trije senario's: gjin gearwurking, weryndieling en trochgean sa't we no dogge. Dêrom soe it net útmeitsje moatte."
Ferantwurdlik wethâlder Rommy Kempenaar fan Dantumadiel seit fan neat te witten. "Bysûnder dat Talsma mear wit as de ferantwurdlik wethâlder."