Nije petysje tsjin gaswinning yn Waadsee: lûk fergunning NAM yn

01 sep 2021 - 18:20

De Waadferiening hat in nije petysje opset om gaswinning yn de Waadsee tsjin te hâlden. Demisjonêr minister Stef Blok (VVD) joech ferline wike grien ljocht foar it boarjen by Ternaard.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De boarringen kinne wat de minister oanbelanget yn 2023 begjinne. De Waadferiening wie poerlilk oer dat beslút: "Een soort mengeling van ongeloof en woede", sei Frank Petersen doe.

Soad stipe

Yn de ôfrûne dagen hat de Waadferiening in soad stipe krigen "Geweldig dat er zoveel mensen zijn die van de Wadden houden en die het Waddengebied willen beschermen", skriuwt de feriening op Twitter. "Nu is het tijd om door te pakken!"

Mei de petysje freegje de Waadferiening en leafhawwers fan it natuergebiet oan de demisjonêr minister om de fergunning oan gaswinbedriuw NAM dochs yn te lûken en de Waadsee te beskermjen.

Net de earste petysje

It is net foar it earst dat de Waadferiening mei in petysje tsjin de gaswinning yn de Waadsee komt. Begjin 2019 bea de klup al in petysje oan by de Twadde Keamer. Frank Petersen tocht doe dat se mei de petysje berikke koenen dat der yn de takomst net mear nei gas boarre wurde soe.

Keamerfragen

De Waadferiening is net de iennige dy't tsjin it beslút fan Blok yn aksje komt. Yn de Twadde Keamer stelle de PvdA en GrienLinks fragen oan de demisjonêr minister. Fan it wykein sprutsen de Steatefraksjes fan dy twa partijen har al út tsjin de plannen, dêr slút it CDA Fryslân him no ek by oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)