Earder VN-baas Ban Ki-moon sprekt tiisdei yn Ljouwert

Ald-VN-sekretaris-generaal Ban Ki-moon komt tiisdei nei Ljouwert om te sprekken. Dat docht er op de Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins.
Ban Ki-moon © ANP
It nije kolleezjejier yn it heger ûnderwiis set nije wike útein. De Ryksuniversiteit Grins iepenet it jier tiisdeitemiddei op de Campus Fryslân yn Ljouwert, dat ûnderdiel útmakket fan de Grinzer universiteit.
Moarns sil Ban Ki-moon yn Ljouwert sprekke. Dêrneist sil ûnder oaren Arjen Robben oanwêzich wêze, en boargemaster Buma sil it evenemint ôfslute.

Earedoktoraat RUG

De Koreaan Ban wie fan 2007 oant 2016 sekretaris-generaal foar de Feriene Naasjes. Earder rikte de universiteit in earedoktoraat út oan Ban, foar syn beneaming en syn ynset as foarsitter fan de Global Commission on Adaptation, syn fertsjinsten op it mêd fan frede en feiligens en syn meiwurkjen oan it ta stân bringen fan it Klimaatakkoart fan Parys.