RIVM meldt 112 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 112 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 32 mear as tiisdei, doe't 80 besmettingen meld waarden.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 105 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 109.
De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Súdwest-Fryslân (20). Dêrnei folgje Ljouwert (18), Hearrenfean (15) en Noardeast-Fryslân (14).
Yn fjouwer Fryske gemeenten binne gjin nije coronabesmettingen registrearre. It giet om It Amelân, Flylân, Skiermûntseach en Harns.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen, twa sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol twa Friezen opnaam yn in Frysk sikehûs, it giet om twa ynwenners fan Noardeast-Fryslân.

Lanlike sifers

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.878. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.513 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.