Dit jier folle minder keatspartoeren by Bûnspartij

Dit jier dogge folle minder keatspartoeren mei oan de Bûnspartij dy't dit wykein yn Tsjom is. De foarige kear wiene der noch 69 partoeren, dat binne no 42.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De Bûnspartij jildt as it Nederlânsk kampioenskip.

"It is wat it is"

Marco Hoekstra, direkteur fan keatsbûn KNKB reagearret: "Wy hiene ek op mear hope, mar it is wat it is." Hoekstra tinkt net dat dizze delgong fierder trochsette sil. "Ik beskôgje it as in ynsidint, want gewoanwei is de bûnspartij op Pinkstermoandei, dat is de tradysje. Foarich jier ek gjin EK's hân fanwegen corona, dus foar ien kear hoopje je dan fansels."
Boppedat soe it net ûnbegryplik wêze dat der dit jier minder partoeren meidwaan wolle as oars. "As je ek sjogge hoe let oft it no yn it seizoen is, en dat bygelyks it bekerfuotbal ek wer begûn is, dan binne der ek wol in oantal ferklearringen foar te finen."

Hoekstra sjocht gjin delgong

Hoekstra tinkt net dat it lytser tal partoeren tsjut op in algemiene delgong yn it keatsen: "Wy sjogge oer de hiele liny dat dat net foar alle kategoryen jildt. Frouljuskeatsen hat in oantal útdagingen, dêr moatte we sjen wat wer dêroan dwaan kinne. Foarich jier hienen we muoite by de jongste kategoryen, de welpen en pupillen, dit jier is der yn dy kategoryen folop keatst."
Marco Hoekstra