Stilstean by 70 jier Kneppelfreed: foarstelling oer it belang fan memmetaal

Santich jier nei Kneppelfreed spilet Pier21, yn koproduksje mei skouboarch De Harmonie, de foarstelling Kneppelfreed. It stik giet oer it belang fan de memmetaal en de persoanlike wrakseling fan in protte Frysktaligen mei harren taal en identiteit.
Stilstean by 70 jier Kneppelfreed: foarstelling oer it belang fan memmetaal
"Toen ik 25 jaar geleden by Tryater kwam, wilde ik al een stuk maken over de Friese taal. Nu kwam het er eindelijk van doordat David Lelieveld van Pier 21 zei dat Kneppelfreed dit jaar 70 jaar geleden was", seit Jos Thie. "Het is een belangrijk onderwerp en we mogen spelen op de plek waar het gebeurde."
Bouke Oldenhof hat de tekst skreaun. Dêryn komme trije rjochtsaken oan de oarder, neist de saak fan Fedde Schurer ek dy fan de Blokkearfriezen.
De bylden fan de opskuor op it Saailân lit regisseur Sjoeke-Marije Wallendal op de achtergrûn weromkomme. "It stik spilet yn de rjochtseal. We ha derfoar keazen om de kearn fan de saak sjen te litten en we meitsje histoaryske sprongen. Hoe sjogge we no nei in kwestje dy't yn 1951 noch as misledigjend sjoen waard?
De foarstelling wurdt yn oktober en novimber spile yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat mei Jos Thie en Sjoeke-Marije Wallendal
Besjoch yn it telefyzjeprogramma Linkk út 2001 wat Kneppelfreed wie: