Advokaat dy't byienkomst by ROC Friese Poort fersteurde moat nei deken

Deken Eef van de Wiel fan de oarder fan advokaten yn Noard-Nederlân hat advokaat Arno van Kessel út Ljouwert útnûge foar in petear oer syn gedrach en útlittingen ôfrûne moandei by ROC Friese Poort yn Drachten. Hy fersteurde dêr in ynformaasje-byienkomst fan de GGD oer corona.
© Omrop Fryslân
Meardere minsken fielden harren yntimidearre troch it gedrach fan Van Kessel. Der binne meardere klachten by de oarder binnenkaam. "Maar ook zonder deze klachten heeft deze zaak mijn volle aandacht", seit Van de Wiel.
Se jout oan dat se har nei it sjen fan de bylden fan ôfrûne moandei soargen makket oer wat der bard is. Neffens Van de Wiel binne der meardere grinzen dêr't in advokaat him oan hâlde moat. "Een advocaat moet eerbied hebben voor gerechtelijke personen en zich altijd fatsoenlijk gedragen."
In advokaat mei partij kieze yn it belang fan syn kliïnt. "Maar professionele distantie is belangrijk en daar maak ik me in dit geval zorgen over." Der sil ek sjoen wurde nei de rol fan Van Kessel as bestjoerslid fan de aksje-beweging Artsen voor Waarheid, dy't hy tagelyk as advokaat fertsjinwurdiget.