Minister jout Fryske gemeenten twa wiken útstel foar jarjen

01 sep 2021 - 12:58

Minister Schouten fan Lânbou jout boeren yn Fryslân twa wiken útstel om te jarjen. De boeren hiene om útstel frege om't it lân lange tiid net begeanber wie troch it wiete waar.

Foto: Omrop Fryslân

Lânbou-organisaasje LTO Noord hie demisjonêr minister Schouten frege oft boeren yn guon gemeenten twa wiken langer jarje mochten. Boeren meie gewoanwei oant 31 augustus jarje. Troch alle reinwetter dizze simmer wie it lân min begeanber en ek troch de kâlde maitiid soene boeren yn 'e knipe komme om in gersfoarried foar de winter oan te lizzen.

Sy reagearre woansdei op it fersyk en jout de boeren no twa wiken langer de tiid om te jarjen. Eins fynt Henk Hulshoff fan LTO Noord dat it antwurd fan de minister wat te let kaam is: "Deze kamerbrief is eigenlijk mosterd na de maaltijd. Het uitrijden van mest mocht officieel tot gisteren, dus veel boeren hebben al maatregelen genomen."

Ek útstel foar oare regio's

Dochs tinkt Hulshoff dat it útstel foar guon boeren helpe sil. "Ik denk dat zeker voor de helft van de boeren in het gebied dit een oplossing is. Een compromis tussen milieu en boeren, want we hebben de helft gekregen van wat we wilden. Daar moeten we mee leven."

It fersyk fan LTO Noord oan de minister wie oarspronklik bedoeld foar gemeenten yn Noardeast-Fryslân. De minister hat fanwegen it reinwetter yn oare regio's ek de gemeenten Hearrenfean, Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren en Weststellingwerf útstel jûn.

Nettsjinsteande de lette reaksje fan de minister, is Hulshoff tefreden mei de beslissing: "Ons verzoek is voor een deel ingewilligd. Er is besloten dat alleen de zogenaamde dunne fractie mag worden uitgereden. Boeren die dat willen moeten dus eerst hun mest machinaal verwerken in dikke- en dunne fractie. Daar komen kosten bij kijken, maar voor een gedeelte van de boeren is dit zeker een oplossing."

It útstel om te jarjen jildt no oant 15 septimber 2021.

(Advertinsje)
(Advertinsje)