Twa ekstra foarstellingen fan Wadopera Peter Grimes om publyk kwyt te kinnen

01 sep 2021 - 12:44

Der mei minder publyk komme by Wadopera Peter Grimes fanwegen oanpaste coronaregels. De organisaasje hat dêrom twa ekstra foarstellings pland, sadat elkenien by it stik by Peazens-Moddergat wêze kin.

Opera op het Wad - Foto: Van Plan

In tredde part fan de minsken mei in kaart hat in mail krigen dat se wolkom binne by in oare foarstelling. Der binne 16.000 kaarten ferkocht. Dat de organisaasje pas twa wiken nei de parsekonferinsje fan demisjonêr premier Rutte dy mail stjoert, komt om't de organisaasje socht hat nei in oplossing.

"Die hebben we dus gevonden in de twee extra voorstellingen", seit produsint Arnaud Oosterbaan. "Eerder was de capaciteit van de tribune van 1.700 naar 2.000 vergroot omdat de verwachting was dat er in september meer mogelijk zou zijn qua geplaceerd publiek. Dat komt nu goed uit, want daardoor kunnen we toch meer mensen per avond hebben, ook al is dat een derde minder." Hy is grutsk op syn team dat it slagge is om twa ekstra foarstellingen te plannen. "We geven zo iedereen de kans om de voorstelling te zien."

Grut evenemint

De waadopera is ien fan de gruttere eveneminten yn Nederlân dy't trochgean. "Er komt een coronabubbel en we houden ons aan de maatregelen. Om in deze tijd zoiets te produceren ga je twee stappen vooruit en dan weer drie terug, maar we kunnen zo wel 250 mensen aan het werk houden. Ons doel is altijd geweest: hoe kunne we zorgen dat de productie doorgaat. Bouwvakkers staan nu met de tranen in hun ogen te bouwen. Ze zeggen: we bouwen nu niet voor een testlocatie, maar voor iets moois."

Arnaud Oosterbaan

(Advertinsje)
(Advertinsje)