Stoflik omskot fûn by Skylge, mooglik fan sûnt tongersdei miste man

01 sep 2021 - 12:02

By Skylge is woansdei yn 'e see it stoflik omskot fan in persoan fûn. Dat meldt de plysje. It stoflik omskot is ophelle en nei it fêste lân brocht foar ûndersyk.

Foto: Laura Conijn / ProNews

De plysje seit dat de identiteit noch fêststeld wurde moat en dat der ûndersyk dien wurdt nei de deadsoarsaak. Der wurdt rekken mei holden dat it om de man giet dy't ôfrûne tongersdeitejûn by it swimmen yn 'e see ferdwûn en sûnt dy tiid mist wurdt.

Trefwurden: 
plysje Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)